HEA! 'Het Vergeet-Mij-Nietje' slút de doarren

HEA! Het Vergeet-Mij-Nietje slút de doarren
Nei sa'n 25 jier komt der dan no in ein oan de boeke- en aansichtkaartewinkel Het Vergeet-Mij-Nietje fan Grietje en Jan Dantuma yn Feanwâlden.
Yn 1979 is it lyts begûn, mar sy binne hurd groeid. Jan syn passy lei by de aansichtkaarten en Grietje naam de winkel foar har rekken. Sy follen inoar altyd moai oan.
De winkel giet no ticht en dat jout nei safolle jier drokte ek wol rêst. Jan giet troch mei de aansichtkaarten en dêr hat er noch altyd in soad nocht oan.