Ljouwerter riedslid Mirka Antolovic yn WTC-debat: "Ik was die vluchteling"

Mirka Antolovic © LEO Middelsé, Lennard Geerts
It Ljouwerter PvdA-riedslid Mirka Antolovic hâlde woansdeitejûn op de riedsfergadering in pleit foar goede flechtlinge-opfang. Sy kaam tritich jier ferlyn sels as flechtling út Bosnië.
De situaasje yn it WTC is nei moannen ûnhâldber wurden foar de bewenners. Der is gjin deiljocht, gjin privacy en gjin rêst. Benammen bern hawwe ûnder de situaasje te lijen. Se sliepe en ite min en krije troch de omstannichheden mentale problemen.
De ôfrûne tiid makken ûnder oare Carlijn Niesink fan de ChristenUnie en Mirka Antolovic fan de PvdA harren hurd foar de flechtlingen yn Ljouwert. Foar Antolovic wie it woansdeitejûn reden om har persoanlike ferhaal te dielen mei de ried.

Dyn libben is dyn libben net mear

Tritich jier ferlyn flechte Antolovic sels fan Bosnië nei Nederlân. Dat wie net maklik. "Je komt in een overlevingsstand en vindt alles best zolang jij en je dierbaren in veiligheid zijn."
Doe't se ienkear yn de sjitfrije sône wie, besefte se dat se alles kwyt wie. Net allinnich har guod, mar ek har identiteit. Har libben wie har libben net mear. It lei yn hannen fan oaren.
Sûnt koart beseft se dat sy, en mei har miljoenen oaren, fan it iene op it oare momint ûntminsklike binne. "Ik was niet meer Mirka, kleindochter van Ivan Tipura die altijd iedereen in het dorp vriendelijk groette. Nee, ik was de vluchteling."

Alternative opfang

In mearderheid fan de ried wie it der woansdeitejûn oer iens dat der wat barre moat. De wenomstannichheden foar de flechtlingen moatte ferbettere wurde en der moat in alternative opfang socht wurdt.
Dêrneist moat de achterstân fan wenningen foar statushâlders oplost wurde mei alternative wenromte, bygelyks yn gebouwen dy't no noch net bewenne wurde.

Plannen statushâlders yn 'e maak

Wethâlder Hein de Haan liet witte dat achter de skermen mei partijen praat wurdt oer alternative húsfêsting foar statushâlders. Minsken dy't it nedich hawwe, moatte wenromte krije, sûnder dat de huzesikers yn Ljouwert it dreger krije.