Harkemase Boys fersteurt kampioensfeest Lisse mei lykspul

Jhurrey Margaritha fiert syn goal foar Harkemase Boys © Orange Pictures
Harkemase Boys hat thús tsjin koprinner Lisse in punt pakt: 1-1. Troch it lykspul moat Lisse it kampioensfeest op syn minst oant kommend wykein útstelle.
It betsjut ek dat Harkemase Boys praktysk feilich is. Allinnich mei in pear meunsterútslaggen soe Harkemase Boys noch leger as fjirtjinde einigje kinne, wat neikompetysje betsjutte soe.
Harkemase Boys begûn sterk oan de wedstriid. Yn de trettjinde minút wie it raak, nei't Mark Bruintjes in lange bal joech op Jhurrey Margaritha. De rappe fleugelspits omspile behindich syn tsjinstanner. Each yn each mei âld-Cambuurdoelman Erik Cummins bleau er koel.
Dêrnei wie Lisse in faze sterker. Doelman Erick Jansema foarkaam in pear kear de lykmakker. Flak foar it skoft waarden de Boys wer gefaarlik: Margaritha en Mart Dijkstra wienen ticht by de 2-0.
Berwout Beimers fan Harkemase Boys tsjin Kevin van der Zwet fan Lisse © Orange Pictures
Flak nei it skoft slagge it ek Thomas Prinsen net om de marzje te ferdûbeljen. Lisse profitearre. Mei in klutsgoal brocht Enzo Stroo de besikers op likense hichte.
Lisse bleau dêrnei lang de sterkere ploech. De Harkiten wienen allinnich mar oan it tsjinhâlden en kamen hast net fan de eigen helte ôf. De definsje stie goed, want wat Lisse ek besocht, in twadde goal siet der net yn.
Yn de slotfaze sette Harkemase Boys noch oan. It soarge foar in pear gefaarlike mominten foar it doel fan Lisse, mar net foar de 2-1.

Ut tsjin ODIN

Lisse kin kommend wykein de titel noch binnen helje. Dan kin Harkemase Boys him ek definityf feilich spylje op besite by ODIN. In wike letter is de lêste wedstriid fan it seizoen, thús tsjin ACV.