Taakstraffen easke tsjin Snitsers om hannel yn radio-aktive betonblokken

© Shutterstock
Tsjin twa izerhannelers út Snits binne taakstraffen fan 120 oeren easke, omdat se sûnder tastimming fan de Autoriteit Nucleaire Veiligheid en Stralingsbescherming (ANVS) radio-aktive stoffen yn besit hiene en ferfierden.
De manlju fan 33 en 60 jier hiene magnetyske betonnen ballêstblokken út in sloopte boat helle en ferkocht oan in man út Emmen. De blokken waarden oanbean by ferskate bedriuwen. Dêr gie yn guon gefallen in alarm ôf, dat lûd jout as der sprake is fan radio-aktyf materiaal. It waard ek meld en dêrop gie de plysje op syk nei it materiaal.

Yn 'e kontener

De blokken waarden úteinlik fûn yn in kontener yn Warkum. Ut ûndersyk die bliken dat de fertochten wisten dat der radio-aktive stoffen yn de ballêstblokken sieten.
By de saak binne noch twa oare fertochten belutsen: in 51-jierrige man út Steenwijk en in 47-jierrige man út Emmen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.