WEROMBLIK: Sa wie de blomkemerk yn Ljouwert yn de jierren 90

In kompilaasje fan de Ljouwerter blomkemerk yn de perioade 1994-1999
Al jierren is it fêste prik op Himelfeartsdei: de blomkemerk yn Ljouwert. Sûnt de start fan de regionale telefyzje yn 1994 kaam Omrop Fryslân dêr alle jierren te filmjen.
Yn 2020 en 2021 wie der fanwege de coronasituaasje lykwols gjin blomkemerk. Mar dit jier giet it wer los: tûzenen minsken dy't skouder oan skouder foar blomkesguod strune en de bút op karkes of oan lange stokken nei hûs ta besykje te krijen.
Yn 1998 wie de stôk ek al in wisse metoade om de pûden mei blomkes thús te krijen © Omrop Fryslân
De blomkemerk ferhuze yn 2013 nei it Saailân. Dêrfoar wie de Tesselschadestrjitte it toaniel fan in pear hûndert meter oan blommekreammen, dêr't it goedkeaper wie as yn de winkel. Somtiden sels fergees.