Buma wol needopfang WTC yn novimber slute: "We hebben allemaal pijn in onze buik"

Minsken yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert © LEO Middelsé
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wol de needopfang yn it WTC fan novimber ôf slute. "Ik kan het niet aanzien dat deze mensen er na 1 november nog wonen", sei er.
Buma die de tasizzing op in riedsgearkomste, dêr't yn praat waard oer de flechtlingen yn de opfang. Op 1 novimber rint de hieroerienkomst mei it COA ôf. De minsken yn it WTC wenje der yntusken al in healjier.

Noch gjin alternatyf

"We hebben allemaal pijn in onze buik van de situatie in het WTC. Ik ook", sei Buma. In alternatyf is der foarearst noch net, mar dochs wol de boargemaster de needopfang permanint slute. Yn prinsipe rint it kontrakt ek oant novimber: it gie om in healjier en nochris twa kear trije moannen de mooglikheid om it te ferlingjen.
Neffens Buma is it kolleezje noch aktyf op syk nei alternative opfang yn de gemeente Ljouwert, mar dy is noch net fûn. Wol soe it COA in gebou yn Ljouwert op it each hawwe dat ferboud wurde kin ta asylsikerssintrum.
Needopfang foar flechtlingen yn it WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Likegoed de gemeenteried as it kolleezje en it COA wolle dat de flechtlingen op in oar plak opfongen wurde. Steatssekretaris Eric van der Burg hat koartlyn ek sein dat de needopfang lanlike prioriteit hat: wat him oanbelanget is it de earste lokaasje dy't slute moat.

600 opfangplakken

It COA (Centraal Orgaan opvang Asielzoekers) hat de gemeente Ljouwert septimber ferline jier frege om in tydlike needopfang foar 600 flechtlingen yn te rjochtsjen yn de Friezenhal fan it WTC. De gemeente stimde ta en de earste flechtlingen kamen op 4 novimber oan. Mar in healjier letter sitte de flechtlingen der noch hieltyd.
Yn it WTC wenje minsken út bygelyks Afganistan, Syrië en Jemen, ûnder har sa'n 150 bern. De omstannichheden smite spanningen op, want yn de hal is in soad leven, der is gjin deiljocht, der binne gjin muorren en plafonds. En dus ek net in soad privacy.

Spanningen en oerlêst

Yn novimber kamen de earste berjochten oer oerlêst. Bewenners skreaune in brânbrief en yn april waard der in petysje opset. Organisaasjes as Stichting VluchtelingenWerk fine de opfang ûnder de mjitte.
De needopfang yn it WTC yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It COA fynt de situaasje ek net winsklik, mar seit ek dat der in tekoart oan opfangplakken is. Tagelyk streame statushâlders net troch nei in wenning troch de krapte yn de huzemerk.
Koartlyn joech wethâlder Bert Wassink noch oan it foaral in ferantwurdlikheid fan it COA te finen, dy't út de wet wei de taak hat foar de opfang. En dus ek fan it Ryk. In gemeente hat allinne mar in ferantwurdlikens foar statushâlders, dus foar minsken dy't úteinlik yn Nederlân bliuwe meie.