Foar tredde jier op rige streek troch HT-roeirace: "Een domper voor iedereen"
De HT Sloeperace giet foar it tredde jier op rige net troch
De HT Sloeperace giet foar it tredde jier op rige net troch. De organisaasje fan de roeirace tusken Harns nei Skylge hat in streek set troch de edysje fan dit jier fanwege de minne waarsferwachting.

It is de twadde kear yn tsien jier tiid dat it evenemint ôfsein wurdt om reden fan it waar. Yn 2013 barde dat in pear oeren foar de start. De ôfrûne twa jier koe der net roeid wurde fanwege corona.
De kommende dagen waait it hurd en dat makket dat de weagen heech binne en de gefoelstemperatuer leech. Ek is de temperatuer fan it wetter noch leech, seit foarsitter Dirk de Boer fan it bestjoer fan de HT Race. "Dat heeft allemaal gevolgen, dat je zegt: dit gaan we niet doen."
Feest giet wol troch
Foar de organisaasje is it in grutte klap. Sa'n 140 sloepen mei 100 folchskippen soene freed oan de 46e edysje fan de HT Race begjinne. "Het is voor iedereen een domper. Voor de roeiers en het bestuur."
Nei ôfrin fan de sloeperace is der altyd in feest op Skylge. Dat giet noch wol troch.
Foarsitter Dirk de Boer fan de HT Race
Foar tredde jier op rige streek troch HT-roeirace