Dream komt út foar âld-omropper en Feyenoord-fan Bauke Deelstra: "Ik ha in VIP-ticket"

Bauke Deelstra yn Tirana © RTV Rijnmond
In dream komt út foar Fries om utens en grut Feyenoord-fan Bauke Deelstra. Hy hie gjin kaartsje, mar no kin er dochs de finale fan de Conference League tusken de Rotterdamske fuotbalklup en AS Roma yn Tirana bywenje.
Al sawat syn hiele libben is Deelstra supporter fan Feyenoord. "As lyts jonkje waard ik supporter, omdat myn bêste freontsje ek foar Feyenoord wie. Dêrnei krige ik fan myn omke in Feyenoord-dekbedoertrek. Tsja, dan binne je ferkocht."
Sa kaam Bauke Deelstra oan in kaartsje foar de finale tusken Feyenoord en AS Roma
Deelstra hat jierren wurke foar Omrop Fryslân en wennet no trije jier yn Albanië om dêr sindingswurk te dwaan. Hy hie nea betinke kinnen dat syn favorite klup foar it earst sûnt tweintich jier wer in Europeeske finale spilet yn de stêd dêr't hy no wennet.
Foar de finale hie Deelstra gjin kaartsjes, want dêrfoar moatte je in seizoenskaart fan Feyenoord hawwe. Uteinlik is it him dochs slagge om oan in kaart te kommen. "De foargonger fan de tsjerke hie in konneksje by it nasjonale fuotbalbûn hjir en no haw ik ek noch in VIP-ticket mei it bêste sicht op it fjild!"
It wie echt fantastysk, de Feyenoord-bus op twa meter fan myn hûs. Dat hie ik yn De Pein noch net meimakke.
Bauke Deelstra
Deelstra wennet op tsien minuten ôfstân fan it stadion yn Tirana. "Ik wie juster flakby myn hûs en seach in hiel soad plysje en ik tocht gelyk: de spilersbus fan Feyenoord soe hjir wolris delkomme kinne. It wie echt fantastysk, de Feyenoord-bus op twa meter fan myn hûs. Dat hie ik yn De Pein noch nea meimakke. Dit is wol unyk", laket er.

"Ien grut feest!"

Yn de oanrin nei de finale hat Deelstra in soad ynterviews jûn oan Albaneeske telefyzjestasjons. "Se binne der hjir efter kaam dat ik Feyenoord-supporter bin en dat ik Albaneesk prate kin. As se dat ien kear witte, dan wol eltse omrop dy ha. Ik ha guon om op in gegeven momint sels ôfsizze moatten."
Hy hat in soad nocht yn de wedstriid, dy't woansdeitejûn om njoggen oere begjint: "It wurdt ien grut feest!"
Bauke Deelstra út Tirana wei