Fryslân leveret as earste 150 opfangplakken foar asylsikers, opnij op It Hearrenfean

De opfanglokaasje yn de Hoekstra Hal op It Hearrenfean © Dennis Stoelwinder/GrootHeerenveen
Yn de Hoekstrahal op It Hearrenfean wurde opnij asylsikers fan it COA opfongen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean hat dat besletten op fersyk fan Veiligheidsregio Fryslân.
Fryslân hat dêrmei as earste feilichheidsregio 150 needopfangplakken foar asylsikers út it grôtfolle Ter Apel fûn. Moandei ha alle 25 feilichheidsregio's ôfpraat dat sy allegear dat tal krisisneedopfangplakken ynrjochtsje sille.
De plakken yn de Hoekstrahal moatte oer twa wiken klear foar gebrûk wêze. De hal is dêrnei beskikber foar seis wiken. De lokaasje wurdt al brûkt as krisisneedopfang foar flechtlingen út Oekraïne. Foar harren bliuwe altyd 50 bêden yn de hal beskikber, seit de gemeente.

Underfining

It Hearrenfean hat yntusken in soad ûnderfining opdien mei it opfangen fan beide groepen. It is de tredde kear dat der asylsikers fan it COA telâne kinne, no ek foar langere tiid.
Wannear 't it COA gebrûk meitsje sil fan de foarsjenning op It Hearrenfean is op dit stuit noch net bekend.