Bern yn needopfang wiis mei skoalle: "Ze stappen in een andere omgeving"

Skoalle foar flechtlingen yn de needopfang yn it WTC Ljouwert © LEO Middelsé, Emma Verbeem
Foar de bern yn de needopfang yn Ljouwert is de deistige gong nei skoalle in wolkomme ôflieding. Mar it is soms ek bitterswiet, want sa no en dan ferhûzet in klasgenoat nei in oare opfang.
De bern komme op skoalle yn in oare omjouwing. Se leare de Nederlânske taal en kinne der boartsje mei klasgenoaten. "Hier hebben we het gewoon over schoolse dingen", fertelt juf Geiske van der Ploeg.
"Ze kunnen dan de noodopvang even vergeten. Gewoon lekker leren en kind zijn, zonder spanningen van daar." Van der Ploeg jout les oan de bern dy't yn de boppebou sitte en yn it WTC yn Ljouwert wenje.
"Ze komen elke dag blij uit de schoolbus. Het is altijd fijn om ze te zien en volgens mij is dat wederzijds. Op het moment dat ze uit de schoolbus stappen zijn ze in een andere omgeving. Dan zijn we lekker hier bezig. En dat is heel fijn voor de kinderen, denk ik."
Juf Geiske van der Ploeg mei ien fan de learlingen © LEO Middelsé, Emma Verbeem
Ien fan de wichtichste ûnderdielen fan in skoaldei is it learen fan de Nederlânske taal. Bygelyks troch yn twatallen sa gau as mooglik in ôfbylding mei in Nederlânsk wurdt oan te tikken mei in miggeklapper.
It learen fan de taal giet sa frij rap, fynt Van der Ploeg. "De basisdingen, zoals 'we gaan in de rij', 'we gaan in de kring', 'mag ik naar de wc?', pakken de kinderen heel snel op. Eerst is het nog: 'go to toilet?' Maar dan zeg je een zin een keer voor en binnen no-time weten ze het."

Lege stoel

En hoewol't der kwalik praat wurdt oer it libben yn de needopfang, sipelje de effekten sa no en dan dochs troch yn it klaslokaal. As der moarns in lege stoel yn de romte stiet, bygelyks. Dan kin it wêze dat in bern - soms hiel hommels - ferhûze is nei in oare opfang.
Sa fertelde de 12-jierrige Melike dizze wike dat se de folgjende dei ferhûzje soe nei Wageningen. "Een beetje blij en een beetje verdrietig", seit se dêroer. Bliid omdat it libben yn de opfang "niet goed" is, en tryst "omdat de kinderen in het kamp heel goed zijn. Ik mis hen om mee te spelen en mee te skeeleren."
Tsjin omrop LEO Middelsé fertelde Melike har ferhaal:
Ek foar de bern dy't wol yn Ljouwert bliuwe is sa'n ferhûzing fan in klasgenoat bitterswiet. Sa gongen twa freonen fan Hamza ôfrûne wykein nei Brabân ta. "Dat vind ik niet leuk", seit er. "Hussam en Mussab zijn nu weg. Ik wil ook naar Gilze om weer bij mijn vrienden te zijn."

"Gewoon lekker kind zijn"

Neffens juf Geiske hat it fuortgean fan klasgenoaten sawol impact op de bern as op harsels. "Want je moet toch een leerling missen en je bouwt altijd iets op." Dochs is it net allinnich mar fertrietlik. "We zijn ook blij voor elkaar, want ze gaan naar een andere plek."
Nettsjinsteande it ôfskied fan de klasgenoaten bliuwe de skoaldagen itselde. "De volgende dag hebben we het gewoon weer over schoolse dingen en kinderdingen. Gewoon lekker leren en kind zijn. Dat is het belangrijkste."