Eagen fan de wrâld fan it seewier binne rjochte op nije kwekerij Lauwerseach

Projektmanager Gabriela Maldonado fan The Fieldwork Company © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By de haven fan Lauwerseach wurdt boud oan in seewierkwekerij. Doel is dat de trijetûzen planten derta bydrage dat seewier op grutte skaal weromkomt yn de Waadsee.
Nei de oanlis fan de Ofslútdyk is seewier sa goed as ferdwûn út de Waadsee. Grut en lyts seewier binne planten dy't Waadplaten op hichte helpe te bliuwen en dy't lyts libben dekking jouwe om grutter te wurden.
It bedriuw achter de nije kwekerij by Lauwerseach, The Fieldwork Company, is ek bot belutsen by in súksesfol eksperimint by Gryn. Der is no al trijehûndert bunder seewier weromkaam. It sied dêrfoar kaam fan wylde donorplanten út Dútslân en Denemarken.
Op sa'n wize in wylde populaasje planten brûke, is op de lange termyn net handich. Dêrom soe de nije kwekerij by Lauwerseach in útkomst wêze. By de Ryksuniversiteit Grins wurdt ek seewier kweekt. Dat bart op folle lytsere skaal en binnendoar yn in kas.
Der komt in seewierkwekerij by de haven fan Lauwerseach
De planten en it wetter sitte yn grutte bakken bûtendoar. Sa kweke is net maklik en hielendal net as it echt waarm waar wurdt. "We hebben isolatie om het zonlicht te reflecteren", seit projektmanager Gabriela Maldonado.
Fierders kin koel wetter út de haven brûkt wurde en is der ek noch in soarte fan waarmtepomp dy't oarsom wurkje kin wêrtroch't it wetter kâlder wurdt.
De seewierkwekerij yn oanbou © Omrop Fryslân, Remco de Vries
As de kwekerij wurket, is dat ek goed nijs foar Rykswettersteat. De organisaasje hat as behearder fan it wiete Waad as doel derfoar te soagjen dat 10.000 bunder seewier weromkomt yn it Waad.
Ynternasjonaal wurdt ek meisjoen, seit Maldonado. "Wij overleggen en delen kennis met groepen over de hele wereld. We hebben bijvoorbeeld contacten in Australië, Groot-Brittannië en Amerika."
Dy soene de keunst ôfsjen kinne en dêrmei pleatslike seewiersoarten kweke kinne. Wat dat oanbelanget binne de eagen fan de wrâld foar in part de kommende tiid op Lauwerseach rjochte.