HEA! Tuffend en pûstend troch Fryslân

HEA! Oldtimerevenemint
Fan alles dat rydt en âlder is as 25 jier wie wer te bewûnderjen op it grutte Oldtimerevenemint yn Drachten. Nei twa jier stilstean is de organisaasje bliid mei it grut tal dielnimmers.
Klassike auto's, antike trekkerkes of rikjende brommers: foar de leafhawwers fan motorisearre transportmiddels is it wer genietsjen. En ek de eksposanten binne bliid dat se harren kostbere oldtimers wer ris showe kinne oan in grut publyk. Want neist in toertocht is der ek noch in Concours d'Elegance, dêr't de grutske eigeners harren moaiste eksimplaren toane kinne.