GGD: Ien op de fjouwer skoalbern tinkt wolris oer jinsels tekoart te dwaan

Ien op de fjouwer tinkt der wolris oer om harsels tekoart te dwaan © ANP
Middelbere skoallebern yn Fryslân binne de ôfrûne twa jier der minder lokkich op wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD Fryslân.
De Fryske sûnensorganisaasje hat yn de hjerst fan 2011 hast 4.500 twadde- en fjirdeklasser befrege op 34 Fryske skoallen. De útkomsten stean yn de Corona Gezondheidsmonitor Jeugd 2021. Alle 25 GGD'en yn Nederlân hawwe ditselde ûndersyk dien.

25% tinkt wolris oan selsmoard

Yn it Fryske ûndersyk seine twa jier lyn noch njoggen op de tsien skoalbern dat se har meastal lokkich fiele. Ferline jier sakke dat nei goed sân op de tsien. Dêrnjonken seit ien op de fjouwer bern dat se der wolris oer nei tinke om harsels tekoart te dwaan.
Bern sizze ek dat se har minder sûn fiele. De lêste twa jier is der net folle feroare yn hoefolle oft se bewege en drinke oan alkohol.

Ferstjerren

De coronaperioade hat syn spoaren neilitten op de jeugd. Karantêne en besmettingen, mar ek opname yn it sikehûs en ferstjerren fan neisten (al of net troch corona) hat der bot ynhakt. Fan de befrege skoalbern seit 17% dêr noch lêst fan te hawwen.
Oan de oare kant seit hast 75% dat se der gau wer boppe-op komme nei in drege perioade en 42% dat se maklik in perioade mei in protte stress troch komme.

Lespakket geastlike sûnens

De GGD Fryslân hie de útkomsten wol ferwachte . De organisaasje stipet skoallen om learlingen te helpen. Der is bygelyks in spesjaal lespakket om de mentale sûnens fan bern yn it fuortset ûnderwiis te fersterkjen.