Jeroen Boersma hat syn Amerikaanske wurk-ID: "Ik mei no einlik los"

Jeroen Boersma © Omrop Fryslân
Ald-omropper en Tiktokker Jeroen Boersma emigrearre nei Amearika. Der binne nije ûntwikkelingen: hy hat syn wurk-ID krigen. "Ik fielde my hiel Amerikaansk doe't ik dit kaartsje yn hannen hie."
"It hat hiel lang duorre foar't ik wat dwaan mocht, ik kaam hjir mei in bepaald fisum, mar moast ek noch in greencard oanfreegje en in wurkfergunning", seit Jeroen Boersma.
Hy kaam al yn augustus, mar ferline wike krige er pas syn wurkfergunning. "It is in hiel soad burokrasy. Myn greencard ha ik bygelyks noch hieltyd net, ik mei it lân noch hieltyd net ferlitte." Frjemd is dat, tinkt er lûdop. "Ik sit echt fêst yn it lân dêr't ik wenje wol."

'Hiel Amerikaansk'

Boppedat mocht er yn al dy njoggen moannen net wurkje. "Mar ik mei no einlik los. Ik ha in brief yn de bus krigen, dêr stie yn dat ik ynkoarten myn wurkfergunningkaartsje krije soe. It is hast in soarte fan ID-kaart."
Hy fertelt hoe't dat der útsjocht: "Der stiet employment authorization op, myn foto, allegearre stjerren. Ik fielde my hiel Amerikaansk doe't ik dit kaartsje yn hannen hie."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
"Ik ha hjir lang op wachte", seit Boersma, dy't ek bekend is fan syn filmkes op TikTok. Se wurde mear as in miljoen kear besjoen. "Ik siet net stil, mar it fielt net oftst mei wat serieus dwaande bist. Fertsjinnest der neat mei."
Ik kin echt dingen dwaan no, ik kin wurkje.
Jeroen Boersma út Denver wei
Hy wurket boppedat fan in ôfstân foar twa bedriuwen yn Nederlân, bygelyks troch reisfoto's fan Amearika te meitsjen. No kin er dus ek yn it lân sels oan de slach. "Ik kin echt dingen dwaan no, ik kin wurkje."
De greencard sil ynkoarten ek gau komme, tinkt er. Dan pas mei er it lân wer út. Yntusken fermakket er him wol: sûnt in skoftsje wennet in hûntsje by Jeroen en syn freondinne. "Se is hiel aktyf, wurdt allinne mar langer en liniger, in hiel leuk bistje."
Jeroen Boersma út Denver wei