Taalskipper Sietske Poepjes: 'Praat mar Frysk mei de nasjonale Ombudsman'

Deputearre Sietske Poepjes © Deputearre Sietske Poepjes
Friezen dy't dat wolle moatte de mooglikheid hawwe om meikoarten Frysk te praten mei nasjonale Ombudsman Reinier van Zutphen. Dat seit kultuerdeputearre Sietske Poepjes.
De nasjonale ombudsman en syn team binne op 7, 8 en 9 juny trije dagen op toer troch Fryslân om te hearren wat hjir libbet. Hy set dêrfoar in pop-up keukentafel del yn Snits, Ljouwert en It Hearrenfean.
Wa't de Ombudsman wat freegje wol of in klacht hat oer de oerheid kin op dy dagen mei Van Zutphen of ien fan syn meiwurkers yn petear.
De Ombudsman en de minsken dy't er meinimt nei Fryslân fersteane lykwols gjin Frysk. Van Zutphen fiert de petearen dêrom by foarkar yn it Nederlânsk.

Frysktaligen net beskikber

"Friezen hebben uiteraard het recht om in het Fries een klacht bij ons in te dienen", seit wurdfierder Marit Berghout fan de Ombudsman. "Maar de collega's die het Fries beheersen zijn op die dagen helaas niet beschikbaar."
Deputearre Poepjes begrypt dy redenaasje, mar se leit har der net by del. "Ynwenners fan Fryslân moatte harren klachten oer de oerheid yn it Frysk dwaan kinne. Seker as it om in kwetsbere of emosjonele saak giet, moatte minsken it ferhaal yn eigen taal dwaan kinne."

Mooglike oplossing

De provinsje is dêrom yn oerlis mei de Ombudsman oer in mooglike oplossing, lykas it ynsetten fan tolken. It is neffens Poepjes oan de provinsje as 'taalskipper' om der 'freonlik mar beslist' foar te soargjen dat dit regele wurdt.
Poepjes fynt it fierder wakker moai dat dizze Ombudsman foar it earst trije dagen sprekoeren hâldt yn Fryslân. "Ik fyn it oprjocht geniaal dat de man dat docht, want de oerheid is foar in soad minsken anonym en op ôfstân. E-maile kin hiel ûnpersoanlik wêze, belje ek. Foar guon saken wurket in persoanlik petear it bêste, seker as it ek yn it Frysk kin."
Deputearre Sietske Poepjes oer Frysk prate tsjin de nasjonale Ombudsman