De toan fan Froukje Sijtsma: "Ha goeie, wat binne jo oan it dwaan"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ha goeie, wat binne jo oan it dwaan? Hast alle Friezen kenne dit sintsje fan tv-programma Hea! wol. It programma bestiet 20 jier en yn al dy jierren hat Hea! hiel wat gewoane en nuveraardige minsken mei de prachtichste útspraken op bân set. Friezen mei bysûndere hobbys of sammelingen, aparte auto's of bisten en oare bjusterbaarlike ferhalen.
De toan fan Froukje Sijtsma
Guon Friezen waarden sels ferneamd troch harren optreden yn Hea! Bygelyks boer Frâns, in boer út de wâlden dy't der in eigen wize fan buorkjen op neihâldt. Of Bennie de Mollefanger, dy't lykas syn hûn Tirza oerémis wurdt as er in lekker moltsje te pakken hat. Dy bisten meitsje ommers de 'hiele seadde stikken'.
Mar ek Auke de Sloper, de silger âld-izerboer út Ljouwert foel op. Lykas Jolke, de yn 2020 ferstoarne kafee-útbater fan Terwispel, dy't sels ek altyd wakker entûsjast waard fan in bierke. 'Lekker lekker lekker'. En elts fielde mei doe't Wiebe Idsinga fan Frjentsjer, de lêste fytser fan de Alvestêdetocht fan 2012, de finish net op 'e tiid helle en fluitsje koe nei syn krúske.
Ik fyn it prachtich dat al dy ferskillende Friezen yn it ljocht set wurde. Ik bin dan ek grutsk dat ik al in oantal jierren foar Hea! wurkje as programmamakker. It is altyd machtich moai om op paad te gean. De iene kear wit ik presys wêr't ik hinne sil foar in reportaazje, de oare kear gean wy op de dolle roes en sjogge wy wol wat wy ûnderweis tsjinkomme.
Ferskate minsken dy't ik moete foar Hea! bleaunen my goed by. Mei guon haw ik sels noch wolris kontakt. Mei Alle Hosper út Broek-Noard bygelyks. Hy makke grutte yndruk om't er nettsjinsteande it fertriet en ferlies yn syn libben der dochs wat moais fan besiket te meitsjen.
In pear wiken foardat ik by Alle Hosper op reportaazje gong, wie ik him tsjinkaam yn Sleat yn in kafeetsje. Ik wie mei in freon op toeristyske strúntocht troch de provinsje en wy soenen nei de lunsj wer ôfstekke, doe't Hosper deryn kaam. In tachtiger mei in burdsje en in moai bosk wyt hier.
Ik hie fuort yn de gaten dat dit in bysûndere man wie. Wy rekken mei him oan de praat en hy lei út dat hy der graach op út gie om minsken te treffen. Sûnt it ferstjerren fan syn frou, foar wa't hy acht jier lang mantelsoarger west hie, besocht er ûnder de minsken te kommen. Op de fyts stappe en kilometers meitsje.
Hosper pakte in tablet út 'e tas en liet foto's sjen fan in bysûnder muzykynstrumint dat er thús oan it meitsjen wie: in âld oargel oanstjoerd troch in stofsûger. Ik wie gelyk entûsjast en frege oft ik foar Hea! ek ris delkomme mocht om syn bysûndere ynstrumint te bewûnderjen.
Doe't ik in pear wiken letter by Hosper thúskaam, waard it my fuort dúdlik dat hy in hiele yntelliginte en kreative man is. Net allinnich syn muzikale stofsûger bliek fernuftich yn elkoar te sitten, ek de bysûndere oerwurken yn syn wenkeamer hie er sels makke.
Mar der wie mear. It betinken en ûntwerpen fan syn muzykynstrumint bliek syn rêding west te hawwen yn syn achtbaan as mantelsoarger. Syn frou bedarre troch deminsje hieltyd mear yn har bernetiid en sadwaande rekke hy de konneksje mei har kwyt. Sels flechte hy soms ek efkes nei in oare werklikheid. Hy fersette de sinnen troch kreatyf dwaande te wêzen. Sa fûn Hosper de moed en krêft om foar syn frou te soargjen.
Hosper en syn frou libben dus beiden yn in eigen wrâld. Dochs fûn er in wize om wer ferbining mei har te krijen. Yn it fersoargingstehûs tekene en kleure hy de moaiste sprookjestafrielen en sa bedarren se tegearre yn in mearke: yn in wrâld mei kastielen, dêr't alles moai en goed wie.
De frou fan Hosper ferstoar en doe kaam opnij in grutte klap. "Ik moast mysels oan myn eigen hier út it moeras lûke. Je binne foar 50 prosint amputearre en moatte jesels wer opnij útfine", fertelde Hosper. En dus stapte er op de fyts. Kilometers meitsje, minsken treffe en hoopje op muzikale gesellichheid.
En sa barde it ek. Us mem dy't sopraan is, gie in skoftke lyn tegearre mei ús heit by Hosper del. Lykas my wienen se rekke troch syn libbensferhaal. It waard in bysûndere muzikale moeting. Hosper, dy't spile op syn stofsûger-oargel en ús mem dy't song.
Tv-programma Hea soarget al 20 jier foar ferdivedaasje, fernuvering, ferbjustering, mar ek foar ferbining. Ik hoopje op noch in hiel soad moaie ferhalen út Fryslân, dy't ús as Friezen ek tichterby inoar bringe. Gewoan troch dy iene simpele fraach te stellen: 'Ha goeie, wat binne jo oan it dwaan?'"