Steaten beprate stikstofplannen: "Koälysje is ferdield"

Polityk ferslachjouwer Onno Falkena © Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten beprate hjoed de stikstofplannen fan deputearre Klaas Fokkinga. De argewaasje dêroer is op guon plakken grut, bygelyks yn Eaststellingwerf. Dêr soenen in soad pleatsen ferdwine moatte om kwetsbere natuergebieten te helpen.
Polityk ferslachjouwer Onno Falkena is der hjoed by yn it Provinsjehûs. Hy lit syn ljocht skine oer de gearkomste.
Onno, hoe stiet it mei de ûnrêst yn Eaststellingwerf? Is der yn dy gemeente wol draachflak foar it saneamde Utfieringsprogramma Stikstof?
"De wurkgroep stikstof Eaststellingwerf hat dizze wike op 'e nij in brânbrief nei alle Steateleden stjoerd. Boeren yn dy gemeente lizze neffens de wurkgroep nachts wekker fan it Utfieringsprogramma Stikstof.
Neffens de wurkgroep is it ûnferantwurde om hjoed in beslút te nimmen oer in programma dat oant 2030 rint, omdat der noch te folle ynformaasje ûntbrekke soe. Sa soene de modelberekkeningen dy't brûkt wurde net te kontrolearjen wêze en soe der ek noch gjin goed ûndersyk dien wêze nei it stikstofgehalte yn de boaiem no.
Deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Yn ien fan de stikken by it foarstel fan hjoed stiet boppedat de suggestje dat it stikstofprobleem yn Súdeast-Fryslân oplost wurde kin troch 110 boerebedriuwen út te keapjen. It is foaral dy sin dy't de ferhâlding tusken de provinsje en de boeren yn it gebiet op skerp set hat."
Wêrom moat krekt yn Eaststellingwerf de stikstofproduksje sa bot nei ûnderen ta? En wat is de rol fan de provinsje dêryn?
"Stikstof is op himsels in nuttige stof. Mar yn it tichtbefolke Nederlân produsearje we mei ús allen te folle stikstof en foaral guon natuergebieten hawwe der slim fan te lijen.
De feehâlderij leveret in belangrike bydrage oan de stikstofproduksje, mar de yndustry, de bou en it ferkear ek. Wy moatte mei ús allen in flinke stap werom dwaan as it om stikstof giet. Alle provinsjes binne wetlik ferplichte om in Utfieringsprogramma Stikstof foar it eigen gebiet fêst te stellen.
Sels as we dat dogge, bliuwe der in pear kwetsbere natuergebieten oer mei in fierstente hege krityske deposysjewearde stikstof.
Onno Falkena oer it werombringen fan de stikstofútstjit mei 25 prosint
Yn hiel Fryslân moat de stikstofútstjit mei 25 prosint nei ûnderen. Mar sels as we dat dogge, bliuwe der in pear kwetsbere natuergebieten oer mei in fierstente hege krityske deposysjewearde stikstof.
It giet dan om it Drents-Friese Wold, it Fochtelerfean en de Rottige Meente, allegearre natuergebieten yn de Stellingwerven. De provinsje wol dêrom dat yn Súdeast-Fryslân de stikstofemissy mei 50 prosint ekstra nei ûnderen brocht wurdt."
Hoe liket it yn de Steaten mei it draachflak foar dit Utfieringsprogramma?
"De kolleezjepartijen binne aardich ferdield. PvdA en FNP steane yn grutte linen achter it programma, mar CDA en VVD hieltyd minder.
Yn teory moat it Utfieringsprogramma in lytse mearderheid helje kinne, mar dat stiet noch lang net fêst.
Onno Falkena
It CDA fynt dat de opsje om boeren twongen út te keapjen fan tafel moat. Dy partij stiet dúdlik ûnder druk fan de eigen achterban. Ik kin dat ek net hielendal los sjen fan de ferkiezings fan takommend jier. It is bekend dat de BoerBurgerBeweging dan ek meidwaan sil yn Fryslân, dat is yn potinsje in stevige konkurrint fan it CDA.
Yn teory moat it Utfieringsprogramma in lytse mearderheid helje kinne, mar dat stiet noch lang net fêst. Gean der mar fan út dat ferskate partijen besykje sille om it programma oan te passen mei amendeminten en it dêrfan ôfhingje litte om foar of tsjin te stimmen."
Hoefolle jild is der eins beskikber foar it Fryske Utfieringsprogramma Stikstof?
"Minister Van der Wal hat mei-inoar 25 miljard reservearre om it probleem op te lossen. De provinsje giet derfan út dat foar Fryslân 1,2 miljard beskikber komt. It giet takom jier om 35 miljoen en dat bedrach rint dan op oant 215 miljoen yn it jier yn 2026 en de jierren dêrnei.
Christianne van der Wal-Zeggelink, minister foar Natuer en Stikstof © ANP
It giet om ryksjild, want it is by eintsjebeslút de minister dy't bepaalt. Krekt dêrom binne de boeren yn Súdeast-Fryslân sa lulk oer dy suggestje fan dy 110 boeren, want sy hâlde der rekken mei dat it ryk dêr best ris foar kieze kinne soe."
Binne der alternativen foar it útkeapjen fan boerebedriuwen?
"Boeren kinne ek stikstofútstjit beheine troch de bedriuwsfiering oan te passen. De Dairy Campus yn Ljouwert docht bygelyks ûndersyk nei it taheakjen fan magnesiumchloride oan dong. De ferwachting is dat de stikstofútstjit dêrtroch wol mei 25 oant 30 prosint ôfnimt, mar dat moat fansels noch wol wittenskiplik oantoand wurde.
Mar it mei dúdlik wêze: as de stikstofútstjit sa werom kin, hoege der minder boeren útkocht te wurden. In soad boeren hawwe dan ek witte litten dat se dit wol besykje wolle, hielendal as bliken docht dat it wurket."
Op himsels soe dat de belangrykste motivaasje wêze moatte om it probleem oan te pakken.
Onno Falkena oer de gefolgen fan it tefolle oan stikstof foar de natuer
"Mar wittenskiplike ûnderbouwing fan de effekten is hurd nedich foar it gefal dat miljeu-aktivist Johan Vollenbroek fan Mobilisation for the Environment in rjochtsaak oanspant tsjin bygelyks fergunningen foar boeren om stikstof út te stjitten.
De hiele stikstofkrisis begûn yn 2019 troch in útspraak fan de Ried fan Steat oer it stikstofbelied op dat stuit. It is dêrom wichtich dat de nije oanpak goed ûnderboud wurdt, hoe't dy der dan ek út komt te sjen.
It giet dêrby net allinnich om in juridysk argumint. Saakkundigen binne it deroer iens dat ús natuer te lijen hat fan it tefolle oan stikstof en op himsels soe dat de belangrykste motivaasje wêze moatte om it probleem oan te pakken."