Taalles foar Oekraynske flechtlingen: "De getallen binne it dreechst"

Dosint Wouter de Vlugt hat syn hannen goed nedich by de útlis © Omrop Fryslan
Under Oekraynske flechtlingen dy't opfongen wurde yn Beetstersweach en De Gordyk is in soad animo foar taalles. Inkele tsientallen skowe twa kear yn de wike oan. Maklik is it net, benammen de getallen binne lestich.
Goed lesmateriaal is der net, fynt Wouter de Vlugt. De pensjonearre skoaldirekteur is frege om te helpen by de taalles. "Ik fûn it allegear wat te bernich. We ha hjir folwoeksen minsken sitten."

Sjonge as in klyster

De Vlugt gie sels oan de slach. "Ik betink de tema's en oan de hân dêrfan meitsje ik it lesmateriaal. Hjoed wol ik bygelyks Svetlana (in kursist, red.) freegje te sjongen. Dan sis ik: do kinst sjonge as in klyster en dan brûk ik dat om dan in petear te hawwen."
Svetlana sjongt. Alle kursisten binne stil en ûnder de yndruk. It is in leafdesferske. Dat stiet yn skril kontrast mei de les dy't gewoan fierder giet. Dêr giet it ûnder oare oer it lûd fan klysters, mosken en dowen.
De Vlugt hat der bewust foar keazen: "Der binne klanken dy't se dreech fine. De 'ui'-klank bygelyks of 'ou' of 'au'. Troch de plaatsjes sjen te litten mei de tekst begripe je de kontekst."

De getallen binne dreech

Daniël is ien fan de kursisten. Hy is al oan it wurk yn de keuken fan in restaurant en kin de taalles goed brûke. Dreech fynt er it net: "De woorden niet. Maar de getallen zijn lastig. Die zijn omgedraaid als je ze uitspreekt."
Slava is in oare kursist. Hy is dosint Ingelsk yn in plakje 100 kilometer westlik fan Kiev. Hy pakt de taal al gau op, al is it spontaan sprekken derfan dreech. "Het is een beetje moeilijk. Maar ik ben Engelse docent en dus snap ik de structuur van het bouwen van zinnen. Maar wat Daniël zegt klopt: die getallen, die zijn lastig."
It foardiel foar him is dat de basis fan in soad fan de Europeeske talen it Latyn is. Dat makket it makliker foar Slava. "Ik denk dat het erg belangrijk is veel talen te leren."
Der is in soad animo ûnder Oekraynske flechtlingen foar taalles
De Vlugt stekt in soad tiid yn de tariedingen. De measte yn de oersettings. Dêrfoar brûkt er ûnder oare Google Translate.
Dat wurket goed, mar it hat fansels syn neidielen. "Ja, ik kin sels net kontrolearje oft it goed is. Ik set dat op papier. Der stie: 'Kinst helpe?' 'Wat moat ik dwaan?' 'Kinst wol meane.' 'Wat dochst do dan?' 'Ik skoffelje.' Doe moasten se hiel hurd laitsje, want ik hie sein dat dêr ien stie te pisjen."

Woenen sels taal leare

It inisjatyf fan de lessen kaam fan de flechtlingen sels. Har wie de fraach steld wat se hiel graach woenen. Taalles wie de útkomst.
Inisjatyfnimmer Evert Kronemeijer gie dermei oan de slach en regele de lessen. "De earste kear wie der fuort in groep fan tweintich Oekraïners. Dat is eins krekt te grut, mar om't in grut part ferhuze nei De Gordyk, binne we dêr ek begûn mei in groep."
Kronemeijer fernimt dat se stadich it Nederlânsk yn de fingers krije: "Se dogge enoarm har bêst. Se binne entûsjast en se leare in hiele hoop."
De Vlugt: "Ja, we ha al oefene op de supermerk. Dat giet hiel goed."