ONS Snits bliuwt yn degradaasjesône nei nederlaach tsjin koprinner Urk

Lucas Schraal (links) en Wesley Tankink yn duel om de bal © Dijks Media
ONS Snits hat tiisdeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin Urk ferlern. Op it Zuidersportpark in Snits wie de koprinner mei 0-2 te sterk.
De wedstriid sette 45 minuten letter útein as de bedoeling wie, om't ien fan de assistent-skiedsrjochters by de warming-up blesearre rekke. Nei't in ferfanger fan It Hearrenfean yn Snits oankaam, koe de wedstriid starte.
De besikers kamen al yn de sechde minút op foarsprong troch in doelpunt fan Klaas Romkes. Jelle de Boer besliste fier yn de blessueretiid de wedstriid en bepaalde de einstân dêrmei op 0-2.

Degradaasjesône

Troch de nederlaach stiet ONS Snits mei 29 punten op it fjirtjinde plak yn de haadklasse. De Snitsers moatte nei it tolfde plak om de neikompetysje om degradaasje te ûntrinnen. Dêr stiet op it stuit SDC Putten mei 31 punten. Der binne noch twa wedstriden te gean.