Flylanner wethâlder Visser stapt op nei moasje fan wantrouwen

Dick Visser by de riedsgearkomste © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Flylanner wethâlder Dick Visser hat yn de riedsgearkomste fan tiisdeitejûn syn funksje ynlevere. Hy giet fierder as riedslid foar Nieuw Liberaal Vlieland.
De gemeenterie fan Flylân naam in dei earder in moasje fan wantrouwen oan tsjin Visser. Fiif fan de riedsleden stimden foar dy moasje en fjouwer tsjin. De moasje waard yntsjinne troch de nije partij FIER, dy't fynt dat berjochten oer mooglike belangeferfrisseling troch Visser by de oankeap fan in pân troch de gemeente net genôch wjerlein is.
Wethâlder Dick Visser fan Flylân hat syn funksje dellein
FIER waard by de ferkiezings fan maart de grutste partij. It besykjen fan FIER om mei in oare partij in koälysje-akkoart te berikken mislearre. Yn de riedsgearkomste fan tiisdei melde FIER dat it no allinne fierder wol as minderheidskoälysje, mei Algemeen Belang Vlieland as gedoochpartner. FIER hat trije sitten yn de rie, ABV twa.

'Zelfingenomenheid'

"Tsjongejonge, wat een spel", klonk as earste reaksje fan de iepenbiere galery ôf. De reaksjes fan de hjoeddeiske koälysjepartijen binne ek dúdlik: Hedwig de Lang fan GroenWit neamt it "een stuk zelfingenomenheid van heb ik jou daar" en Nel Hopman fan NLV praat oer "het niet dulden van tegenspraak en denken dat je almachtig bent".
De partijen binne der ek lilk oer dat de ynstjoerder fan de moasje, listlûker Henk Veerdig van FIER, net oanwêzich is by diel twa fan dizze gearkomste.

'Net goed foar Flylân

It is dúdlik dat der in soad dien wurde moat om it ûnderlinge fertrouwen werom te winnen. "De pijn zit enorm diep en er is ook veel gezegd in de raadsvergaderingen. Dat is niet zomaar weg", seit boargemaster Michiel Schrier.
Neffens Schrier is it wichtich dat it wantrouwen gau oplost wurdt: "Als dit de toon van de komende vier jaar is, is dat niet goed voor Vlieland. Het is niet goed voor de sfeer in de raad en het is niet goed voor hoe wij als eiland worden gezien."