Tal meldings diskriminaasje nimt mei troch coronaregels ek yn Fryslân ta

In mûlkapke by it stasjon yn Ljouwert © LEO Middelsé
It oantal meldingen fan diskriminaasje is it ôfrûne jier op'e nij tanommen. Dat docht bliken út in rapportaazje fan de trije noardlike diskriminaasjemeldpunten en de plysje.
De measte klachten dy't binnenkaam binne gean oer diskriminaasje op hûdskleur en ôfkomst. It giet om 374 oer it ôfrûne jier tsjin 328 yn 2020. Opfallend dit jier is it hege tal coronameldings. "We zien duidelijk dat veel mensen boos zijn op de overheid", seit Anne Dam fan diskriminaasjemeldpunt Tûmba.

Polarisaasje

Benammen as der wer nije regels ynfierd waarden stie de telefoan readgleon. Dam: "Mensen belden over vaccinaties. Dat ze vaccinatiedwang voelden. Over het coronatoegangsbewijs ook. Mensen die voor hun doodgewone dingen niet meer konden doen."
De ferhalen dêr't de melders mei kamen makken in soad yndruk. "Een verpleegkundige die eerst moest werken zonder beschermingsmiddelen en twee keer corona kreeg. Merkte dat het haar niet veel deed, maar wel aangesproken werd op het feit dat ze niet gevaccineerd was." It jout neffens Anne Dam dúdlik oan dat de diskusje oer corona hiel bot polarisearre is.

'Dat moat echt oars'

Wat fierder opfalt, is dat lanlik sjoen it tal meldings oer diskriminaasje op basis fan seksuele foarkar tanimt, mar yn Fryslân stagnearret. Dam: "Ik dacht eerst dat het een positief signaal was, maar de harde werkelijkheid is dat er niet gemeld wordt. Als ik spreek met de mensen van homobelangenorganisatie COC hoor ik de meest verschrikkelijke verhalen. Ze doen alleen geen melding. Dat moet echt anders."
Anne Dam fan Tûmba oer de sifers