Undersyksynstitút Wetsus foar de kommende tsien jier fersekere fan jild

Wetsus yn Ljouwert © ANP Foto
Wetsus yn Ljouwert is foar de kommende tsien jier fersekere fan jild fan it Ryk. Dat hawwe minister Adriaansens fan Ekonomyske Saken en Klimaat en minister Dijkgraaf fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oan de Keamer witte litten.
De Keamer hie yn febrewaris fan dit jier noed oer it fuortbestean fan it ûndersyksynstitút foar wettertechnology yn Ljouwert. De ministers dielden dizze soarch en dienen in tasizzing om harren yn te spannen it probleem op te lossen.
De stipe bestiet út in langjierrige finansjele stipe fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Dêrneist is der by it Nationaal Groeifonds jild reservearre foar it Groeiplan Watertechnologie. Dêr is Wetsus in ûnderdiel fan.
De akute finansjele noed by Wetsus soe troch de tasizzing fuortnaam wêze. It kabinet sil noch wol mei Wetsus om tafel om fierdere ôfspraken te meitsjen oer de betingsten fan de tasizzing.