Oprop fan De Tiid foar guod oer Titus Brandsma docht fertuten

Foto's fan Titus Brandsma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Kranteknipsels, foto's en sels in stik jas; de oprop fan kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert om guod binnen te heljen foar in nije tentoanstelling oer de hillige Titus Brandsma docht fertuten.
It sintrum iepenet op 26 july in tentoanstelling oer Titus Brandsma. Dy waard op 15 maaie hillich ferklearre troch de roomsk-katolike tsjerke. Brandsma waard berne yn de omkriten fan Boalsert.
Brandsma ynsammeling
De Tiid hopet sa folle mooglik guod binnen te heljen oer Titus. Sy binne op syk nei de bysûndere ferhalen. "Ik heb een oproep gedaan in een tv-programma en dat hielp gelijk", seit direkteur Pascal Arts.
"Mensen kwamen krantenknipsels en foto's brengen. Voor mij persoonlijk sprong één krantenknipsel er het meeste uit. Dat ging over de zaligverklaring, die al in 1985 gebeurde. Een stel Friezen uit de regio Woudsend en Balk is toen naar Rome getrokken en hebben daar de zaligverklaring bijgewoond. Het artikel is volledig in het Fries geschreven en dat is een dubbele betekenis want Titus streed ook voor het behoud van het Fries."
Pascal Arts mei guod oer Titus Brandsma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ek komt nei alle gedachten in stik fan in jas fan Titus nei Boalsert. Wannear't dy krekt nei it museum komt, is noch net bekend. "Die is door iemand aan het museum geschonken," seit Arts. "Door elementen als een jas kom je dichtbij Titus. Het is iets dat hij écht gedragen heeft en dat is voor bezoekers een reden om naar het museum te komen."

Hillichferklearring

Om hillich te wurden moat in kandidaat earst sillich ferklearre wêze, lykas mei Titus Brandsma al yn 1985 barde. De kandidaat-hillige moat in troch in spesjale kommisje út it Fatikaan fêststeld wûnder dien hawwe. Brandsma soe soarge hawwe foar de wûnderbaarlike genêzing fan in Amerikaanske pater dy't ûngenêslike kanker hie.
Pascal Arts fan De Tiid oer de jeften