Gymferiening Marsum kin gjin leararen fine: opheffing driget

Gymnastyk foar bern © ANP
Oan de 83 jier âlde gymnastykferiening fan Marsum driget in ein te kommen. Se kinne gjin gymleararen foar de jeugd fine, in probleem dat by mear ferienings yn de gemeente spilet.
"We willen dat kinderen een goede start maken met sport en beweging", seit Thea Huitema fan de gymnastykferiening. De feriening siket ien dy't les jaan kin oan pjutten, beukers en de earste en twadde groepen fan de basisskoalle. "Er is een schrijnend tekort aan leidsters. In ieder geval in Fryslân is het erg."

Twa oant trije oeren

De feriening is ree om jild te beteljen, en dat wolle se sels wol dwaan foar in oplieding. "Er zijn verschillende opleidingen om te leren aan peuters en kleuters gymlessen te geven", seit Huitema. "We willen ze van alles bieden, maar er is niemand."
It giet by de feriening om 2 oant 3 oeren yn de wike, en dy oeren binne krekt midden op de dei. Dat makket it net ienfâldich om it te kombinearjen, wit Huitema. "Als je meerdere gymverengingen hebt waar je voor werkt, ben je de hele week bezig om op je uren te komen."
Je moet er eigenlijk wel een ervaren leidster ervoor hebben.
Thea Huitema fan de gymnastykferiening fan Marsum
As it net slagget om in nije lieder of liedster te finen, hâldt it op foar de feriening. "Dan zijn we toch genoodzaakt om te gaan stoppen", seit Huitema. Se jout oan dat der wol âlders binne dy't helpe wolle mei lessen foar de jonge bern, mar om it wurk echt te dwaan binne ek fersekeringen nedich. "Je moet er eigenlijk wel een ervaren leidster ervoor hebben."

Fakatuere foar alle ferienings

"Het beweegteam van Waadhoeke heeft ook een vacature open staan voor alle verenigingen nadat ze alle uren hebben samengevoegd. Dan hebben we het over 24 uur voor zes verenigingen", seit Huitema.
It ferieningslibben yn Waadhoeke stiet sowieso ûnder druk. Foar de sportferienings komt dat trochdat it oanbod fan de ferskate sporten grutter wurden is, sa tinkt se.
Jild is boppedat ek net de folsleine oplossing: "Wij sturen ze nu al naar Leeuwarden als we zien dat ze er gevoel voor hebben. Dat is heel erg jammer."
Thea Huitema fan gymnastykferiening SSS yn Marsum