Ljouwerter heit en soan foarmje krimineel duo: offisier easket selstraffen

Net ien fan de manlju út it ferhaal © ANP Foto
It Iepenbier Ministearje hat tiisdei finzenisstraffen easke tsjin in heit en soan út Ljouwert.
De heit (44) soe him benammen dwaande holden hawwe mei ynbraken, stellerij en heling. De soan (23) soe op reedlik grutte skaal drugs deald hawwe. Ek soe er drugs makke hawwe.

Oppakt by boukontener

De heit soe ûnder oare ynbrutsen ha yn in boukontener, hy soe ark út in bestelbus stellen hawwe en hy soe by de Praxis yn Stiens stellen ha. Ek soe er in ljochtbak fan it MCL pikt hawwe. Fierder soe er him oant trije kear skuldich makke hawwe oan heling.
Heit en soan waarden ein desimber ferline jier oppakt by de ynbraak yn de boukontener yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd. Yn de wenning fan de soan fûn de plysje in behoarlike foarried drugs: 2,5 kilo softdrugs en in kilo harddrugs. Der stie ek guod yn de wenning om speed te meitsjen.
De soan wie begûn mei dealen om ekstra jild om hannen te hawwen, sei er.

Ankelbân

De soan waard nei 45 dagen earder frijlitten, hy krige in ankelbân om. As it oan de offisier fan justysje leit dan giet er werom nei de finzenis. De offisier easke tweintich moanne sel wêrfan tsien moanne ûnder betingst. Fierder soe de soan 18.000 euro oan krimineel fertsjinne jild werombetelje moatte.
De heit wie krekt in pear moanne út de ISD (Inrichting voor Stelselmatige Daders) doe't er wer de fout yn gie. De man stiet te boek as in 'veelpleger'. Foar him easke de offisier tolve moanne sel.
De rjochtbank docht op 7 juny útspraak.