Deiboek fan Dariya: "In soad Oekraïners binne ûnwennich"

© Omrop Fryslân
De wrâld fan de Oekraynske Dariya (18) stiet op syn kop. De studinte út Kiev moast flechtsje. Nei Beetstersweach wennet se no op De Gordyk. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Dit is diel 11: De ûnwennichheid fan Oekraïners
"Nei wat tiid yn it bûtenlân binne der in soad Oekraïners dy't ûnwennich binne en werom wolle nei Oekraïne, ek al witte se dat it dêr net feilich is. Ik hear hieltyd mear fan dizze ferhalen sûnt it momint dat ik itensdoazen besoargje by flechtlingen yn Opsterlân, om't ik dan in soad mei dizze minsken praat.

Manlju noch yn Oekraïne

It is foaral dreech foar de minsken dy't famyljes ha dy't noch yn Oekraïne binne. De measte manlju binne noch yn Oekraïne, dêrom is it foar de froulju en bern yngewikkeld om sûnder harren yn Nederlân te wêzen.
Oan Oekraïners dy't mei pensjoen wiene, fernim ik dat se mar net wenne kinne oan de omjouwing en de manier fan libjen fan de Nederlanners.

Gjin Ingelsk of Nederlânsk

En fansels is it grutste probleem de taal. In hiel soad folwoeksenen kinne gjin Ingelsk of Nederlânsk prate. Se besykje in tolk te brûken, mar dy kin net altyd alles goed oersette. Dus somtiden is it dreech om te begripen wat frijwilligers fertelle wolle of om gewoan wat te freegjen yn de winkel.
Ek hienen de flechtlingen yn Oekraïne harren eigen apparteminten, auto's, hûzen, wurk en hobbys. Se kinne der no net oan wenne dat se dat hjir hielendal net ha.

Folslein fernield

Tagelyk binne hûzen fan guon minsken folslein fernield. Ek al wolle se werom: se ha gjin plak om nei werom te gean. Dit wie foar de frijwilligersorganisaasje 'Code Hans' de reden om in Oekraynske jûn te organisearjen. Wy koenen de hiele jûn mei inoar prate, mei in bakje tee of kofje derby.
© Omrop Fryslân
By de yngong krigen we nammekaartsjes dêr't wy ek ús wenplak yn Oekraïne opskriuwe moasten. Ik fûn dit in goed idee om't famyljes fan itselde plak inoar makliker fine koenen en sa koenen se inoar better kennen leare.
Dêrneist wienen der ek gemeentemeiwurkers en fertsjintwurdigers fan útstjoerburo's, om oer wurk en oare saken te praten.
© Omrop Fryslân
De Oekraïners wiene hiel tankber foar de frijwilligers dy't dit organisearren. Elkenien hie no de kâns om oer wurk te praten en te harkjen nei Oekraynske muzyk.
Oan de ein fan de byienkomst ha we allegear foto's mei inoar makke en ha wy blauwe en giele blommen meikrigen, dy't wy brûke kinne om it hûs dêr't wy no yn ferbliuwe mei fersieren."