Rykswettersteat set wer stewards yn om 'coronaskippers' te helpen by slûzen

In slûs by Starum © ANP Foto
Rykswettersteat set tongersdei, op Himelfeartsdei, foar it earst dit farseizoen wer stewards yn, dy't skippers by slûzen helpe mei manoeuvrearjen yn de beheinde romte.
De tsjinst fernimt krekt as kennisorganisaasje Waterrecreatie Nederland dat in soad Nederlanners yn de coronaperioade de plezierfeart ûntdutsen hawwe. It is opmerklik folle drokker wurden op it wetter. Mar lang net alle 'coronaskippers' witte krekt hoe't sy harren op it wetter hâlde en drage moatte en hokker regels der jilde.

Regels

Ek foar corona stiene der yn de drokke simmerperioade al stewards op de slûzen, sa seit in wurdfierster fan Rykswettersteat. Sawol grutte frachtskippen as lytse plezierjachten moatte slûzen brûke. Dat kin liede ta gefaarlike situaasjes. Boatsjeminsken moatte bygelyks witte dat de beropsfeart hast altyd foargiet yn de slûs.
Stewards helpe rekreaasjeskippers om op it goede plak yn de slûs lizzen te gean en dêr feilich ôf te lizzen. Oflizze kin problemen feroarsaakje by grut ferfal fan it wetter yn de slûs.

It wetter is opnij ûntdutsen

Neffens Waterrecreatie Nederland docht 15 persint fan alle rekreanten op it wetter pas sûnt de coronaperioade oan wettersport. Sa'n 700.000 Nederlanners tinke deroer om yn de kommende trije jier sels in boat of in wettersportútrissing te keapjen.
De ynteresse is it grutst foar sloepen, kajútboaten, kano's en dêrneist ek foar supboards. "Nederlanders hebben het water sinds de pandemie herontdekt", seit de kennisorganisaasje. Der is ek in groeiende fraach nei farkursussen.

Grutte slûzen

De stewards fan Rykswettersteat komme by goed farwaar mei Himelfeart en Pinkster yn aksje. Dêrnei steane sy fan it begjin fan de simmerfakânsje ôf op grutte slûzen as de Lorentzslûzen yn de Ofslútdyk.