HEA! Jong libben yn Sanjes Safari

HEA! Jong libben yn Sanjes safari
In unyk barren yn Sanjes Safari yn Feanwâlden: der is in kamieltsje berne. De start fan dit jonge libben ferrûn net hiel soepel.
Nei de berte gong it kamieltsje út himsels net stean. De bistefersoargers hiene der noch in hiel karwei oan, om de lytse kamiel op de poaten te krijen. Mar it slagge en mem en soan meitsje it goed. Se binne der by Sanjes Safari tige wiis mei.