Karavaan nei de Takomst moat minsken ynspirearje: 'Duorsumens yn the spotlight'

© Shutterstock.com (Zivica Kerkez)
Dielnimmers oan kuiertocht De Karavaan nei de Takomst wurde de kommende wiken yn 'e kunde brocht mei duorsume projekten yn Fryslân. De tocht set tongersdei útein. Mei wichtige sprekkers moat it minsken op ideeën bringe oer duorsumens.
De Karavaan is in inisjatyf fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, in organisaasje dy't him ynset foar in duorsume maatskippij. "We wolle graach sjen litte dat der yn Fryslân al in hiel soad bart op it mêd fan duorsumens", seit Tsjeard Hofstra fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. "In soad minsken ha sels miskien net troch dat harren buorman him der miskien ek wol mei dwaande hâldt."
Tsjeard Hofstra fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De duorsume projekten 'fan ûnderop': die moatte yn de spotlights komme, fynt de organisaasje. Sadwaande giet de tocht ûnder oaren by de tiny houses yn Goutum del, de ekologyske berm yn Ljouwert en de doarpsmûne fan Reduzum. De projekten litte sjen dat je trochsette moatte om wat foarinoar te krijen, ûnderstreket Hofstra. Hy hopet dat der in soad animo is: "De tocht is foar elkenien dy't nijsgjirrich is."
De tocht rint en fart lâns duorsume projekten yn de provinsje. Takom tongersdei giet de tocht om 9.15 oere fan start by Bosk op de Twibaksmerk yn Ljouwert. Oer Goutum en Reduzum giet de tocht nei Grou ta, dêr't Jan Terlouw de dei ôfslute sil mei in lêzing. Foar dizze dei kinne minsken harren oanmelde. De tocht krijt dêrnei alle sneonen in ferfolch, en dan hoege minsken harren net op te jaan. De Karavaan rint oant en mei 2 july.
As der minsken meirinne dy't sels al in soad mei duorsumens oan de slach binne, is dat net slim. "We besykje sa'n farieare programma te hawwen dat der altiten wer nije dingen binne", seit Hofstra. Hy jout in foarbyld: "Je sjogge yn duorsumenslân dat ien dy't mei bioferskaat dwaande is, wat minder mei de enerzjykant dwaande is."
Bosk op de Twibaksmerk © Onno Falkena
Op ferskate lokaasjes steane wichtige sprekkers oer it klimaat, lykas Jan Terlouw en André Kuipers. "Dat binne nijsgjirrige minsken om te hearren", seit Hofstra. "We fernimme dat de leechdrompelichheid wêrmei't we dit oanbiede oansprekt: it is fergees en wolle minsken der mei yn de kunde komme litte."
Tsjeard Hofstra oer de Karavaan nei de Takomst