Rotterdamske Dokkumers yn Albanië foar Feyenoord: "Belangrijker dan m'n vrouw"

Oscar en Sander Bathoorn © Eigen foto
Syn frou stiet op it punt fan befallen, mar Sander Bathoorn is dizze wike yn Albanië foar de finale fan de Conference League tusken Feyenoord en AS Roma. De Rotterdamske klup is syn libben.
Sander Bathoorn en syn broer Oscar binne hikke en tein yn Rotterdam-Súd, ûnder de reek fan De Kuip. Se wenje no al jierren yn en by Dokkum. De finale fan woansdei wolle se net misse.
De twa bruorren ha al hiel wat Europeeske reiskes meimakke:
De bruorren geane mei in groep fan seis nei Tirana ta. Twa fan harren ha net iens in kaart. De Bathoorns wol: Sander kaam fergees oan in kaart, Oscar moast flink de beurs lûke. "Ik noem maar even geen bedragen, maar zo'n finale wil je bij zijn. Dan moet je er wat voor over hebben."

Net te beskriuwen

De lêste kear dat Feyenoord yn in Europeeske finale stie, is tweintich jier lyn en dêr bewarje de bruorren geweldige oantinkens oan. "We zijn al jaren present bij nationale en internationale wedstrijden. Feyenoord is ons leven. Dat gevoel kun je eigenlijk niet omschrijven."
Dat hebben we goed afgestemd, al keek m'n schoonmoeder me wel wat vreemd aan.
Sander Bathoorn
Mar Sander Bathoorn syn frou stiet dus op it punt fan befallen. "Dat hebben we goed afgestemd, al keek m'n schoonmoeder me wel wat vreemd aan. Ze dacht dat ik eerst een grapje maakte. Feyenoord is belangrijker dan mijn vrouw."
Mooglik wurdt de poppe neamd nei Cyriel Dessers © ANP
En as de poppe komt wylst de finale oan de gong is? "Als ik het hoor, neem ik m'n telefoon natuurlijk op, maar dan kan ik niet direct terugvliegen. Ik hoop in ieder geval dat onze spits Cyriel Dessers de winnende maakt want dan is in ieder geval duidelijk dat onze kindje de naam Cyriel krijgt."