Dit feroaret op it earste Oerolfestival sûnt 2019; fjouwer nije 'oarden'

De lêste edysje fan Oerol, yn 2019 © ANP
Twa kear koe it grutste lokaasjeteäterfestival fan Europa net plakfine fanwege corona, mar no kin it wer: Oerol op Skylge. Noch in pear wiken en dan giet it los. It wurdt net hielendal as fanâlds.
"De grootste verandering voor de bezoekers is, denk ik, dat we een aantal nieuwe festivalplekken hebben, ook wel oorden genoemd", fertelt haad programmearring Sabine Pater. Der binne fjouwer saneamde oarden.
It Oerolfestival is dit jier oars as oars
It festivalhert fan Oerol mei ûnder oare de kaartferkeap wie altyd de Westerkeyn, mar dat is dit jier net mear it gefal. De kaartferkeap is no folslein digitaal. "Er zijn nog wel een paar servicepunten waar je terecht kunt met vragen, maar je kaartje koop je met je telefoon of laptop."
De Westerkeyn is allinnich jûns noch iepen en wurdt dan omtsjoend ta Club W, dêr't dûnse wurde kin. It is dit jier de lêste kear dat Oerol de Westerkeyn brûke kin, want it gebiet is ferkocht.
Kaartsjes binne dit jier allinnich digitaal te keap en net mear oan de kassa © Omrop Fryslân
It twadde oard is it terrein De Betonning by West, dat der no al in pear jier is. Hielendal nij is it oard Om Oost, flakby de Wierskuorre yn Easterein. Hjir stiet in tafel fan hûndert meter lang dêr't fan alles te belibjen is op it mêd fan iten fan de takomst. It lêste oard is by it Boskteäter by Formearum en hjit De Luwte.
Oerol set op 10 juny útein en de kaartferkeap begjint no tongersdei.
De opbou fan it festivalterrein is folop geande © Omrop Fryslân, Lennard Geerts