Yn byld: dei 1 fan de Alvestêdekuiertocht, fan Ljouwert nei Sleat

Kuierders op dei 1 fan de Alvestêdekuiertocht 2022 © Martin de Jong Fotografie
Goed 700 dielnimmers binne tiisdei begûn oan de Alvestêdekuiertocht. De earste etappe gie fan Ljouwert nei Sleat, goed 49 kilometer. Underweis krigen de kuierders buien foar de kiezzen.
De kuiertocht is ien fan de talleaze eveneminten dy't de ôfrûne twa edysjes skrasse moast. Foar de yntusken 75-jierrige organisaasje is it dêrom no de 74e edysje.
Foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden joech tiisdeitemoarn it startskot foar de Alvestêdekuiertocht, dy't yn fiif etappes opdield is.
It tal dielnimmers is minder heech as by de lêste edysje yn 2019. Dat komt troch it 'c-wurd', sa't foarsitter Eeuwe Geertsma fan de kuiertocht omskriuwt.
"Oer dat firus wol ik net prate, mar we sitte op trettjin prosint minder minsken as ôfrûne kear. Dat is dêr in gefolch fan. In protte oare sporten fernimme itselde."
Dit is it aldermoaiste, sûnder allegear yngewikkelde protokollen.
Eeuwe Geertsma
De organisaasje fynt it lykwols wol prima dat it der wat minder binne. "We binne der noch altyd hiel bliid mei en we snappe ek wol dat guon minsken wat skruten binne om yn grutte groepen te rinnen. We kinne it moai dwaan sa. En dit is ek it aldermoaiste, sûnder allegear yngewikkelde protokollen."
Sa'n tsien minuten nei it startskot wie de Ljouwerter Alvestêdehal alwer sa goed as leech. Alle kuierders wienen derút en ek de organisaasje hie de boel al opromme. "Al dy posten moatte opboud wurde foar it folgjende plak. Dus de minsken binne alwer ûnderweis dêrhinne."
By de start wie it waar noch prima. Letter op de dei soe dat wolris oars wêze kinne. Geertsma hat it waarberjocht ek folge. "Se moatte mei de kop yn de wyn en dêr komme de buien ek wei. Mar de sinne komt hjoed ek!"
In koarte ympresje fan dei 1 fan de Alvestêdekuiertocht
Benaud foar útfallers is er net. "Dy ha we hast noait op de earste dei. It is in hiel apart slach folk, de alvestêdekuierders. Dat moat ek wol, want yn totaal is it mear as twahûndert kilometer."

Spesjale service

Guon dielnimmers oernachtsje dizze wike op sliepskippen. "In spesjale service, sa neame we it. Oant fiif of seis jier lyn hienen we noch frachtskippen, mei dixi's en sa. Mar no binne it echt hotelskippen: mei dûs, húskes en in goed bêd."
Wa't de folsleine tocht folbringt, krijt - krekt as by oare Alvestêdetochten - in krúske.