Tinteferhierders bloeie op nei corona: "We kinne wer dwaan wat we wolle"

Doarpsfeest yn in tinte © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Tinteferhierders hiene mei corona in strieminne tiid doe't eveneminten net trochgean koene, mar no binne de tinten net mear oan te slepen.
"It wie in minne tiid", seit Ale Siemen van Kammen, eigener fan Van Kammen Tinteferhier yn Easternijtsjerk. "No is it krekt wer oarsom, we kinne wer dwaan wat we wolle."
De tinten binne somtiden net oan te slepen, seit Van Kammen. "Bepaalde wykeinen is it oeral fol. As it op is, is it op", seit de ûndernimmer. "Mear ha je net. Eartiids stoden we noch wol nei oare kollega's, dy ha eins itselde: mear is der net."
By de tintesaak is it wer op itselde nivo as foar corona. "It is wat lestiger. Allegearre klanten dy't we gewoanwei net ha, se komme oeral wei." Oare kollega-ferhierders binne der ek minder, bygelyks om't se ophâlde moasten yn de coronatiid. No sitte se faak mei personielskrapte en dat makket it ek net ienfâldiger."
In hiel soad minsken binne yn de bou en oare dingen bedarre. Dy binne dêr hingjen bleaun.
Tinteferhierder Ale Siemen van Kammen
Sels hat er it ek dreech mei it finen fan personiel, seit Van Kammen. Yn de coronaperioade moast er ek personiel gean litte. Yntusken hat er nij personiel, mar it duorret noch efkes foar't se alles yn de fingers hawwe.
It finen fan personiel yn de fleksibele skyl, sa as útstjoerkrêften en zzp'ers, is ek in grut probleem neffens de tinteferhierder. "In hiel soad minsken binne yn de bou en oare dingen bedarre. Dy binne dêr hingjen bleaun."
Tinteferhierder Ale Siemen van Kammen