Sjoerd Bootsma oer mear jild foar kulturele sektor: "Verbeelding aan de macht"

Sjoerd Bootsma © ANP
Steatssekretaris Gunay Uslu wol de kultuersektor der wer boppe-op helpe troch de sektor dit jier 135 miljoen euro te jaan. Dêrnei giet it om 170 miljoen euro it jier. Dêr is bot ferlet fan seit Sjoerd Bootsma, direkteur fan Arcadia: "Er is een heel grote kaalslag geweest."
Net allinne troch corona, mar ek dêrfoar al hie de kulturele sektor it swier, seit Bootsma. "Sinds staatssecretaris Halbe Zijlstra de sector zo'n beetje in tweeën hakte is het echt kommer en kwel geweest. Corona heeft het niet makkelijk gemaakt. Ik denk dat dit een goed begin is om zo weer wat terug te bouwen."
De sektor kin neffens him in wichtige rol ferfolje no't der sa'n soad spilet yn de wrâld. "Het is een tijd waarin er veel verandert in de samenleving. Er is niet alleen corona, maar ook de oorlog in Oekraïne en grote transities die voor de deur staan. Je ziet in de culturele sector heel veel initiatieven die daarover gaan."
De beammen fan Bosk yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Ferbyldingskrêft is hiel hurd nedich, ûnderstreket Bootsma. "Samen de schouders eronder: dat is nodig." It sil de maatskippij boppedat in hiel soad opsmite. "Subsidie moet je niet terugverdienen. Het gaat erom dat je het verdubbelt of verdrievoudigt. Dat is deels in geld en voor een heel groot deel in maatschappelijke impact. Het gaat om mensen bereiken, om mensen raken."
Dit is een goede kans om samen met de Friese sector en samen met de provincie te kijken hoe we hier voor Fryslân een zo'n goed mogelijk resultaat uit kunnen halen.
Arcadia-direkteur Sjoerd Bootsma
It berjocht fan steatssekretaris Uslu komt krekt op in momint dat de provinsje oankundige hat dat de kulturele sektor rekken hâlde kin mei besunigingen. Deputearre Friso Douwstra skreau dêr earder in brief oer. Bootsma fynt it opmerklik.
"De afgelopen jaren heeft de provincie zichzelf laten zien en op de borst geklopt met de opmerking dat cultuur juist een kerntaak is van de provincie", seit Bootsma. "Dat juist het investeren in het welzijn van de gemeenschap bij de culturele sector begint, van amateurverenigingen tot heel veel professionele organisaties."

Ko-financiering

Projekten yn de provinsje wurde faak ko-finansiere mei jild fan it Ryk, mar hjir moat de provinsje dan earst sels ek yn ynvestearje, fynt de artistyk lieder: "Het zou ongelooflijk jammer zijn dat net nu het rijk met meer geld komt, de provincie zegt: 'nee we gaan het terugdraaien'. Dit is een goede kans om samen met de Friese sector en samen met de provincie te kijken hoe we hier voor Fryslân een zo'n goed mogelijk resultaat uit kunnen halen."
Sjoerd Bootsma oer mear jild foar de kulturele sektor