Seis wike sel foar trije kear mei drank op efter it stjoer binnen ien moanne

Justysje © Shutterstock.com
In 51-jierrige man út Hurdegaryp hat seis wike sel krigen om't er binnen in moanne trije kear efter it stjoer betrape wie mei te folle drank op. De earste twa kear barde dat op deselde dei.
De man waard yn april yn Drachten betrape mei alkohol op efter it stjoer en waard meinaam nei it buro. Hy hie doe mear as trije kear te folle dronken. Doe't er wer fuort mocht, stapte er fuortdaliks wer yn de auto, noch hieltyd mei te folle drank op.
In moanne letter fleach de man op de Rûnwei by Snits út de bocht, opnij ûnder ynfloed, en kaam er yn de sleat telâne. Doe die bliken dat er likernôch fiif kear te folle drank op hie.
De rjochter hat de man feroardiele ta seis wiken sel en seis wiken ûnder betingst. De feroardieling betsjut ek dat de Hurdegarypster syn rydbewiis hielendal kwyt is. By in twadde feroardieling binnen fiif jier foar riden ûnder ynfloed fan alkohol of drugs wurdt it rydbewiis 'van overheidswege' ûnjildich ferklearre. De man sil opnij rydeksamen dwaan moatte as hy wer ride wol.