Skylge yn top 5 fan gemeenten mei measte tikebiten yn tunen

In tyk © Omrop Fryslân
Skylge is ien fan de gemeenten dêr't de ôfrûne tsien jier de measte tikebiten teld binne yn tunen. Yn it ûndersyk fan Wageningen Universiteit stiet de gemeente yn de top 5.
Ien op de trije tikebiten wurdt oprûn yn in tún, de measte yn tunen dy't yn in boskryk gebiet lizze. Wêr't de tiken dan krekt sitte, is net dúdlik wurden út it ûndersyk. Dêrom set de Wageningen Universiteit it ûndersyk troch mei spesjale telteams. Dat sil dan plakfine fan 11 oant en mei 19 juny.
De teams krije spesjale sets om tiken op te spoaren en te fangen. Sa moat dúdlik wurde oft se foaral yn it gers sitte, of yn blommetunen, boskjes of grientetunen. As dêr mear bekend oer is, kinne minsken har better tsjin de bisten beskermje.

Sykte fan Lyme

In tikebyt kin de sykte fan Lyme feroarsaakje, wat soarget foar grypklachten. As de sykte net goed behannele wurdt, hat it slimme gefolgen.
Op Skylge is in soad natuer en neffens boskwachter Remi Hougee fan Skylge kin dat in reden wêze dat it eilân by de heechste fiif sit. "Mensen gaan in ieder geval veel de natuur in. Dat kan er inderdaad zeker wel aan bijdragen dat je ook in die top 5 terechtkomt. En mensen denken vaak dat teken hoog in de bomen zitten, maar dat is niet zo. Teken zitten vaak in het hoge gras of in het struikgewas."
As advys jout Hougee mei: "Je moet jezelf goed controleren op teken als je de natuur in bent geweest."
Boskwachter Remi Hougee fan Skylge