Fryske folksdûnstradysje driget te ferdwinen: "Jonge generaasjes wolle net"

It folksdûnsjen yn Frysk kostúm driget op termyn te ferdwinen. Dochs kaam it selskip fan De Fryske Dûnsers dit wykein yn aksje by it Friesendroapen op it eilân Helgolân.
Jongeren ha gjin nocht oan Fryske folksdûnsen as Skotse Trije en Hakketone
De jongerein hat gjin nocht oan de tradisjonele Skotse Trije en Hakketone en de oerbleaune dûnsers wurde hieltyd âlder. Om't ferskate pleatslike ferienings al opholden binne hawwe de oerbleaune aktive dûnsers harren feriene yn De Fryske Dûnsers.
Dit selskip fan tweintich dûnsers út hiel Fryslân - fan Skylge oant Hylpen - kaam foar it earst yn trije jier tiid ferskate kearen yn aksje op it Dútske eilân.

Dêr wiene ek ferskate folksdûnsselskippen út Noard-Fryslân en út de Fryske enklave Sealterlân flakby Ostfriesland. Dy selskippen binne yn ferliking mei de Fryske dûnsers frijwat jonger, seach ek Fryske dûnser Greetje Koopmans fan Warten.
Bedrige
"De tradysje wurdt yn ús Fryslân bedrige. Ik ha altyd dûnse by de Ljouwerter skotsploech, mar dy hâldt der mei op. Boalsert en It Amelân binne der ek al mei opholden."
Koopmans soe it tige spitich fine as dizze âlde tradysje ferdwine soe, want ek it oerkoepeljende selskip De Fryske Dûnsers wurdt hieltyd âlder. "Guon binne noch mar krekt yn de 60, mar oaren binne al oer de 80 en dan hâldt it in kear op."
Wat kinne je der oan dwaan? De jongere generaasjes wolle net. Ik fyn it hiel spitich, mar myn eigen bern wolle it ek net.
Jongere generaasjes binne neffens Koopmans mar dreech te bewegen om it dûnsjen yn Frysk kostúm op te pakken. "It folksdûnsjen wurdt echt bedrige, mar wat kinne je der oan dwaan? De jongere generaasjes wolle net. Ik fyn it hiel spitich, mar myn eigen bern wolle it ek net."
Koopmans hat noch wol stille hope dat ien fan har beppesizzers de tradysje fuortset. "Us lytse Femke seit altiten dat se beppe sa moai fynt yn Frysk kostúm."
Gjin museumstik
Koopmans is fan betinken dat it Fryske kostúm gjin museumstik wurde moat, mar ek droegen wurde moat. "It soe skande wêze as it ophâldt. It giet by it folksdûnsjen net allinnich om it moaie, mar ek om de wille dy't je hawwe. De wille sa't we dat earder hiene op it iis, hawwe we ek by it dûnsjen."
Fryske dûnser Greetje Koopmans nei har optreden op Helgolân