Wolven lykje faker oer te skeakeljen op reeën by it Drents-Friese Wold

Herder Erika Visser © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Hoeders dy't foar Steatsboskbehear mei skiep aktyf binne yn it Drents-Friese Wold hawwe oanwizingen dat de twa wolven yn it grinsgebiet fan de twa provinsjes hieltyd mear oerskeakelje op reeën.
Wolven lykje hieltiten mear reeën te fretten
It mantsje en it froutsje hawwe yn beide provinsjes in soad skiep deamakke: op it lêst it measte yn Fryslân. Hoeder Erika Visser weidet har skiep yn it nasjonaal park en sy is ek 20 skiep kwytrekke oan de wolf. Mei Steatsboskbehear binne der no maatregels naam om soks foar te kommen.
Visser en har kollega sjogge hieltyd mear resten fan reeën yn it fjild dêr't in rôfbist ferantwurdlik foar is. Dat kin betsjutte dat de wolven mear oerskeakelje op wyld, omdat skiepehâlders harren fee hieltiten better beskermje.

Mear resten fan reeën

"Er zijn duidelijke aanwijzingen ook hier in de omgeving dat er van meer reeën resten gevonden worden", seit Visser. Dat better beskermjen fan de skiep wie in proses fan 'vallen en opstaan", neffens Visser fan keppel De Ommekeer.

Netten, hûnen en kamera's

Sy brûke netten, hûnen, kamera's en mei help fan Steatsboskbehear hawwe de skiep yn de jûntiid in feilich plak efter it stek. Underwylst binne natuerbehearders hiel benijd wat de komst fan de twa wolven noch mear betsjut foar harren natuergebieten.
Boskwachter Lysander van Oossanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mei in pear stokjes hellet boskwachter Lysander van Oossanen fan Steatsboskbehear in al behoarlik âlde wolvekeutel útinoar yn it Drents-Friese Wold. It kin eins gjin hûnedrol wêze: der sitte tefolle hier en bonkeresten yn.
Der komt in kies foar it ljocht: "Qua grote zou ik zeggen dat het van een ree is. En ook qua haarkleur zou ik hier een ree van maken."
As de observaasjes fan de hoeders goed binne, dan is Van Oossanen dêr oer te sprekken: "Het zou natuurlijk mooi zijn als ze de natuurlijke prooien gaan eten. Wij worden er natuurlijk ook niet blij van als ze veelvuldig schapen blijven eten."

Wyldkamera's

Om der efter te kommen wat de wolven krekt yn harren natuergebiet dogge, wurde der wyldkamera's ynset. Mar ek de stront wurdt ûndersocht om út te finen wat de bisten frette.
De keutel fan in wolf mei bonkeresten en in kies dy't neffens de boskwachter nei alle gedachten fan in ree is © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn gebieten mei reaharten (edelherten) liket it der op dat jonge beamkes wat makliker oerlibje, omdat de keppels wat mear yn in iepen gebieten bliuwe om sa sicht te hâlden op de wolf. En sy frette ek koarter efterinoar.

Leafbeammen

De boskwachter is wol benijd oft soks ek jildt foar de reeën yn it gebiet. Troch it hieltyd waarmere en drûgere klimaat stjerre der mear sparrebeammen ôf en moate nije leafbeammen dy gatten opfolje.
Van Oossanen: "Reeën lusten graag loofhout. Dus er zat ook best wel wat vraatsporen van reeën in de jonge verjonging. Als de wolf hier loopt en het aandeel reeën naar beneden brengt, kan dat ook best gevolgen hebben voor de hoeveelheid loofbomen in het bos."

Krusing

De wolvekeutel is op in krusing fûn. Dat plak is net by fersin keazen: wolven meie graach harren gebiet markearje op plakken dêr't paden byinoar komme, want lykas de minsk brûke sy graach besteande paden. Al sille sy dêrfoar wol meast stille plakken kieze.