Fûgelhelling komt om yn ferbouwingsfûgels: “In probleem dat net by ús heart”

De Fûgelhelling sit grôtfol mei protters en mosken. Neffens meiwurkers fan it fûgelasyl yn Oerterp hat it te krijen mei it massale ferbouwingswurk.
Blykber binne der in soad minsken en oannimmers dwaande mei putsjes oan it dak en oan it hûs, sa jout De Fûgelhelling oan. Bewenners, timmerlju en diere-ambulânsen bringe it iene nei it oare nêst nei it asyl.

Bulte wurk

As opfangsintrum kin De Fûgelhelling muoilik fûgels wegerje. Mar de hokken sitte grôtfol en meiwurkers slagje der suver net mear goed yn om de jonge fûgels de hiele dei troch te fersoargjen.
Dit is noch nea earder fertoand, lit it asyl witte. Sy binne der wol wiis mei dat minsken de fûgels nei de opfang binne, mar as it sa trochgiet, dan rint de opfang fêst.
"It giet echt mâl," seit Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling. "It hopet sa op en it binne fansels net de iennige bisten dy't binnenkomme. Dan is it in optelsom. It is op de tosken bite: it nimt wurk en kosten mei him mei."

Bou stillizze

Ferbliuwen foar de fûgels binne der wol genôch, mar it mei eins net barre, seit Sinnema. "Want as der in nêst sit, moat de bou eins stillein wurde. Mar dat is hiel dreech op dit stuit. Wy hearre mar fan minsken dy't oan it ferbouwen binne en der efter komme dat der in nêst sit. Dan leit it al iepen, mar it soe eins net barre meie."
De nêsten wurde dan nei De Fûgelhelling brocht. "Je kinne net sizze, stopje se mar werom."
No wurdt der in probleem by ús dellein dat eins net by ús heart.
Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling
Sinnema hat ek wol begryp foar it probleem. "Nei de coronaperioade meitsje minsken in ynhelslach yn de bou. En je kinne net samar tsjin in oannimmer sizze: kom letter mar wer. Want dan kin in put samar in healjier opskowe. Mar it hie eins net sa wêze moatten. Want no wurdt der in probleem by ús dellein dat eins net by ús heart."
De Fûgelhelling kin de pykjes wol grutbringe, mar fynt eins net dat it har taak is. "Wy binne der foar fûgels dy't ferwûne of ferlitten binne. Mar dat it mei opsetsin by ús brocht wurdt, dat giet miskien krekt in stapke te fier. Ik wit dat it lestich is om de bou stil te lizzen, mar eintsjebeslút mei it net iens as der in nêst yn it dak sit."
Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling
Kontrolearje yn 't foar oft der ek nêsten ûnder it dak sitte as je ferbouwe wolle, is de tip fan Sinnema. Je kinne de fûgels noch frij maklik ferpleatse, want de pykjes roppe sa hurd dat de âlden se wol fine.
Der jilde ek inkelde regels foar minsken dy't harren hûs ferbouwe en dan in fûgelnêst tsjinkomme, jout Paul Westerbeek fan Provinsje Fryslân oan. Fan nêsten moatte je ôfbliuwe. "In Nederland hebben we de wet Natuurbescherming. Daarin staat dat je nesten van vogels niet mag vernielen of beschadigen. Als je dat in het broedseizoen doet, heb je de kans dat het legsel mislukt en dat op die manier de vogels doodgaan."

22.500 euro boete

It is dan ek ferbean. "De boetes zijn niet mals", seit de ekolooch. "Het komt neer op maximaal 22.500 euro." As der mooglik beskerme soarten yn it hûs sitte, kinne je in quickscan dwaan, seit Westerbeek. Der binne fûgels dy't it hiele jier beskerme binne, oaren binne dat allinne yn de briedtiid.
"Voor de gierzwaluw en de huismus geldt: ook in de winter afblijven. Maar de koolmees, witte kwikstaart of spreeuw maken ieder jaar een eigen nest. Als je dan in de winter het nest weghaalt, heeft het verder geen gevolgen", seit Westerbeek.
Paul Westerbeek fan Provinsje Fryslân oer de regels foar it ferbouwen fan je hûs