Skylger stichting yn aksje foar in feilige swimtrep by haven

Stichting Achter Dam wol in feilige swimtrep by West-Skylge
Stichting Achter Dam set alles op alles om in feilige swimtrep foarinoar te krijen by de havendaam fan West-Skylge. De hjoeddeiske flonder is te ûnfeilich, seit Eke van Mansvelt.
It bûtendykske Waad en strân by de havendaam is foar eilanners al jierren in populêr plak om te swimmen. Mar om it wetter yn te kommen moat gebrûk makke wurde fan in wibelige flonder dy't neffens Stichting Achter Dam lang net feilich is.
"Nu moet je over de stenen, dat is vreselijk glad en eng, met zeepokken en schelpjes erop. Wij willen meer veiligheid", seit Van Mansvelt, sekretaris by Stichting Achter Dam.
De konstruksje soe ferfongen wurde moatte troch in betonnen trep mei in leuning. "Wij zwemmen er al jaren. We wilden deze winter doorzwemmen, maar toen werd de trap weggehaald. Zo kwamen we op het idee: waarom komt er niet een vaste, betonnen trap?", sa tocht Van Mansvelt.

Utkomst foar swimmers

It soe benammen foar âldere minsken in útkomst wêze. "Ik zag in de zomer oudere mensen met een handicap bij de trap. Ook iemand die ook op de fiets bijna tot de trap ging. Dat is veel te gevaarlijk. Er komen algen en wieren op. Met storm ging de trap drijven en dan klapte de trap tegen de dijk. Kom er dan maar weer eens op als je in het water ligt."
Ek foar toeristen soe it better wêze. It plak is geskikt om te swimmen, om't de streaming net sa sterk is en it der ek net al te djip is.
Eke van Mansvelt fan Stichting Achter Dam
De fergunning dêrfoar is al binnen, mar it jild noch net. Yn totaal moat der 16.000 euro op it kleed komme. Dêrfan kin 13.000 euro mei subsydzjes regele wurde, mar dat betsjut dat der nocht 3.000 euro byinoar garre wurde moat.
"We hebben subsidie van Mienskip gekregen en de gemeente, rederij en een familie hebben bijgedragen, maar het was nog niet genoeg. Met de oorlog in Oekraïne is alles veel duurder geworden. We moeten wat meer bij elkaar krabben."

Aksje om jild op te heljen

De stichting is in flyeraksje begûn. "We gaan met een folder langs de deur. We zijn begonnen met zo'n 80 man die er in ieder geval zwemmen en we hopen op wat bedrijven."
As it jild byinoar is, dan moat de oanlis ek noch goed ferrinne. "Voor de aannemer is het wel spannend om de trap te storten, want je moet wachten op eb. We hopen dat het misschien in augustus zou kunnen. Ik durf het niet precies te zeggen."