Aksje kreamkundigen tsjin it kabinet: "Yn it sikehûs wurde je in nûmer"

Kreamkundigen yn it hiele lân fiere moandei op 'e nij aksje tsjin de bekostigingsfoarm dy't it kabinet ynfiere wol. "As wy dit ferlieze, ferlieze wy mear as ús leaf is", seit Marije Mink, sels kreamkundige.
Fryske kreamkundigen stake tsjin plannen fan it kabinet
Mink wurket by praktyk It Bertehûs yn Akkrum en is ek wurdfierder fan Fryske kreamkundigen. It Bertehûs yn Akkrum is moandei allinne mar foar spoedgefallen en befallingen te berikken. De meiwurkers dogge yn prinsipe gjin besiten, ferwurkje gjin bloedútslaggen en jouwe gjin antwurden op mails.
"Yn Fryslân jout elts der syn eigen ynfolling oan. In tal praktiken hat in sprekoere ôfsein, bygelyks. Us praktiken binne foar in grut part ôfset mei reade linten en spandoeken", fertelt Mink.

De aksje is rjochte tsjin it foarstel fan minister Ernst Kuipers oer it bekostigjen fan har wurk. Dy soe neffens de kreamkundigen ynhâlde dat net sy, mar de sikehuzen yn de takomst de befallingen organisearje. Dat betsjut foar har minder wurk, mar foaral ek dat froulju foar de befalling en it trajekt dêrfoar net mear yn har eigen buert terjochte kinne.
'Wie betaalt, bepaalt'
Mink besiket it út te lizzen: "It doel fan it 'yntegrale bekostigjen' is dat der ien pot jild komt, dat ferparte wurdt troch de grutste soarchoanbieder. It is fansels: wie betaalt, bepaalt."
En dêr sit in probleem, tinkt sy. "Wy leauwe net dat wy ús wurk kwytreitsje, de kreamkunde bliuwt wol. Mar wat wol bart, is dat as alle soarch ûnder it sikehûs falle soe, dan falle de froulju yn ferwachting ek ûnder de sikehûssoarch. Dan hawwe sy net de karfrijheid wêr't sy bernje wolle en mei wa."
As je yn it grutte sikehûs komme, dan binne je dochs mear in nûmer.
Op dit stuit kinne froulju kieze nei hokfoar praktyk sy wolle. "Dêr bouwe sy moannen in bân op mei de kreamkundigen. Der is betrouwen, je witte hoe't ien kreamje wol en je meitsje dêr in plan foar. As je yn it grutte sikehûs komme, dan binne je dochs mear in nûmer."
Minister Kuipers is fan doel om it finansierjen fan de bertesoarch te herfoarmjen. "Dat betsjut ek foar ús dat ús praktiken, ûndernimmerskip en funksje in oare foarm krije." Dêrom wolle de meiwurkers in statement meitsje.
Debat yn de Keamer
"Oant no ta hat minister Kuipers noch net reagearre yn in foarm dy't wy winskje. Om't de Twadde Keamer moarn debattearret oer dizze bekostigingsfoarm, wolle wy besykje har der ta te setten dizze kar tsjin te hâlden."

Kreamkundigen sjogge gjin oare mooglikheid mear as it dellizzen fan it wurk. Want as de organisaasje fan de bertesoarch by de sikehuzen komt te lizzen, sil dat grutte gefolgen hawwe foar de neffens de kreamkundigen leechdrompelige soarch yn de wyk.
Unyk systeem
In petysje tsjin de plannen is lanlik al mear as 192.000 kear tekene. "Tiisdei wurdt in spannende dei foar ús", seit Mink. "Wy hawwe sa'n unyk systeem. Oer de hiele wrâld sjogge sy nei ús, hoe't wy it dogge. Dat makket it sa dûbeld."
Petra Kortekaas en Sandra Bouma
Petra Kortekaas fan kreamkundigepraktyk De Vroedschap yn Easterwâlde docht ek mei oan de aksje. Al wurkje sy ek gewoan troch. "We laten onze zwangere vrouwen niet in de steek."
Trochhinne hammere
De doar is wol symboalysk ôfset mei lint, want Kortekaas fynt it wol in wichtige saak. "Er waren al meerdere acties en we zijn naar het Malieveld geweest, maar het lijkt alsof de trein gewoon doordendert. We hebben het idee alsof we er mogen gewoon doorheen gehamerd worden."
Mem Sandra Bouma hopet ek dat de plannen skrast wurde. "Een thuisbevalling is gewoon heel fijn, dan hoef je niet ver te reizen. Nu lijkt het alsof de keuze voor je gemaakt wordt. In een ziekenhuis worden de keuzes meer opgelegd, thuis bevallen heb ik als veel prettiger ervaren."
It is net de earste kear dat kreamkundigen yn aksje komme. Sa waard der begjin april ek al protestearre, dat ek yn Kollum stipe waard troch de praktyk fan Eke van der Molen: