Stoflik omskot fûn yn de grêft yn it sintrum fan Boalsert

De brânwacht oan de Appelmerk © AS Media
Yn Boalsert is yn de grêft by de Appelmerk del it stoflik omskot fan in persoan oantroffen. De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei de identiteit en nei hoe't de persoan yn it wetter bedarre is.
De ferstoarne persoan waard om 07.00 oere hinne fûn. De plysje hat de strjitte ôfsletten foar it ûndersyk. Op dit stuit is der in wetterkalamiteitenteam fan 'Toezicht te Water' om mei it Team Forensische Opsporing it stoflik omskot feilich te stellen.
Mear ynformaasje kin de plysje op dit stuit noch net jaan.