Skylger dieven jouwe anonym ferkearsbuorden werom: "Zeer geslaagde actie"

Ynleveraksje stellen ferkearsbuorden op Skylge "zeer geslaagd"
Stellen ferkearsbuorden binne in grut probleem op Skylge. It kostet in soad jild en dêrom hat de gemeente wat betocht: dieven koene moandei buorden ynleverje sûnder dat sy straf krije.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Skylge hat yn de ôfrûne tiid murken dat der faak buorden fuorthelle wurde. Dat kostet net allinne al gau 300 euro it boerd, it kin ek foar ferkearsûnfeilige situaasjes soargje. It stellen en it yn hûs hawwen fan in boerd is strafber: it kin in boete fan minstens 200 euro en in strafblêd opsmite.
De werombringaksje is foar ien kear opset, in útsûndering dus. Stellen buorden koene moandei tusken 08.00 en 15.00 oere ynlevere wurde oan de Nieuwedijk 10 of by de kampus fan it Maritiem Instituut Willem Barentsz.

Boargemaster wie earst tsjin

"Ik moet eerlijk zeggen dat het niet mijn idee was", seit boargemaster Caroline van de Pol. "Ik was in eerste instantie een tegenstander van deze actie. Ik dacht: hoe dan, gratis inleveren? Maar het werkt."
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge © Omroep Lennard
Want al foar de ynleverdei hawwe eilanners buorden werombrocht. "Er zijn wat borden ingeleverd bij onze buitendienst, de politie en het Maritiem Instituut. Dus ze kunnen gewoon ingeleverd worden zonder dat er maatregelen tegenover staan. Maar vanaf dinsdag is dat anders. Dan hangt je een stevige boete boven het hoofd."

Unfeilige situaasjes op Haadwei

It idee kaam by it projektteam fan de it wurk oan de Haadwei en it kommunikaasjeteam wei. "Er verdwenen zoveel verkeersborden en dat zorgde voor hele onveilige situaties", leit de boargemaster út.
Oant healwei juny wurdt op Skylge wurke oan it feiliger meitsjen fan de Haadwei. Der wurde meardere krusingen oanpakt en der binne alternative rûten ynsteld. De gemeente konkludearre earder al dat fytsers har lang net altyd hâlde oan de omliedingen.
Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge
"Elk bord kost om en nabij de 300 euro. Los van de borden en de kosten zorgt het gewoon voor onveilige situaties als je verkeersborden weghaalt. Hoe haal je het in je hoofd, zou ik zeggen?"
Van de Pol kin der net folle begryp foar opbringe. "Het kan toch niet zo zijn dat je verkeersborden gaat stelen en denkt dat dit leuk is. Houd nou toch op." Dochs is sy bliid dat de ynleverdei - no al - in sukses is. Sy hopet dat de anonime ynleveraksje de eilanners oan it tinken set.
Voor een grapje leuk, maar als dat in de dertigtal loopt of meer, dan wordt het gewoon vervelend en kostbaar.
Wethâlder Sietze Haringa fan Skylge
Wethâlder Sietze Haringa tinkt dat buorden ek yn de rêchtassen fan toeristen ferdwine. "Mensen komen hier naar het eiland en we hebben souvenirwinkels zat, maar kennelijk is ook een verkeersbord een souvenir. Voor een grapje leuk, maar als dat in de dertigtal loopt of meer, dan wordt het gewoon vervelend en kostbaar. Maar het allerbelangrijkste is natuurlijk ook gewoon dat het niet gastvrij is naar de mensen die je op tijd wilt waarschuwen, maar ook gevaarlijk kan zijn."

Ofsetbuorden, kegels en busboerd

Neffens projektlieder sivile technyk Dorien de Leeuw fan de gemeente Skylge is de aksje in grut sukses. "Het is een zeer geslaagde actie geworden. Er zijn 28 verkeersmiddelen ingeleverd. Dat wil niet zeggen dat het alleen maar borden zijn."
Se sommet op wat it wol binne: "Een rood-wit afzetbord, kegels, een urenbord van de bus. Die zijn bijvoorbeeld ook ingeleverd. Dat zijn natuurlijk niet allemaal precies de verkeersborden die wij zochten, maar we zijn heel blij met de vangst."
Ferslachjouwer Lennard Geerts wie by de ynleveraksje op Skylge