Fryske sponsorloop hellet 12.500 euro op foar VR-brillen kankerpasjinten

Sponsorloop smyt 12.500 euro op foar VR-brillen foar kankerpasjinten
De ONF Zorg voor kanker Sponsorloop hat snein 12.586 euro opsmiten. Tweintich dravers makken in estafettetocht fan 110 kilometer by fjouwer Fryske sikehuzen del.
De estafetterinners © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De estafette waard organisearre troch it Oncologisch Netwerk Friesland. By dat netwurk binne de Fryske sikehuzen oansletten, krekt as Pathologie Friesland en Radiotherapeutisch Instituut Friesland (RIF). Fan eltse organisaasje rûnen of fytsten der meiwurkers mei.

By de Fryske sikehuzen del

De estafetteloop wie 110 kilometer lang en begûn yn Ljouwert. Dêrnei kamen soarchferlieners by de sikehuzen yn Drachten, op It Hearrenfean, yn Snits en yn Ljouwert del. De finish wie by it RIF.
Sponsors en donateurs koene de dielnimmers stypje mei in jildbydrage. It onkologysk netwurk wol mei de opbringst VR-brillen keapje. Dy kinne yn it sikehûs troch pasjinten brûkt wurde: yn in firtuele wrâld kinne sy harren eigen pine of soargen efkes ferjitte.

Pine en soargen ferjitte

Sa'n VR-bril kin net betelle wurde út it reguliere soarchjild. Mar dochs is sa'n helpmiddel wichtich om te ûntspannen, seit inisjatyfnimster Hiltje de Graaf. Sy is ynternist en onkolooch yn sikehûs MCL.
"Je kunt daarmee informatief zijn, bijvoorbeeld iets vertellen over het ziekenhuis of instructies geven. Bij angsten is er een angstprogamma om te ontspannen." It doel is om 50.000 euro oan donaasjes en sponsorjild te garjen foar apps, training en brillen.