Nasjonale ombudsman komt trije dagen nei Fryslân om te hearren wat hjir libbet

Nasjonale ombudsman Reinier van Zutphen © ANP
Nasjonale ombudsman Reinier van Zutphen komt yn juny op toernee troch Fryslân. Mei in pop-up keukentafel is er yn Snits, Ljouwert en op It Hearrenfean. Kleie mei yn it Frysk, mar oft dat mei de toer ek mooglik is, is noch net rjocht dúdlik.
De nasjonale ombudsman wol mei de provinsjetoer in byld krije fan wat der spilet tusken de Friezen en de oerheid. In soad minsken ûnderfine de ôfstân ta de polityk fan Den Haag as grut, dêrom giet de nasjonale ombudsman twa kear yn it jier op 'en paad.
It is foar it earst dat de nasjonale ombudsman op dizze wize nei ús provinsje komt. Fryslân is de alfde provinsje yn 'e rige. Van Zutphen wol mei syn team yn petear mei ynwenners, bestjoerders en meiwurkers fan (oerheids)ynstânsjes.

Kleie kin ek yn it Frysk

Kleie by de ombudsman kin - yn prinsipe - ek yn it Frysk. Oft dat ek mooglik is by de keukentafelpetearen yn Fryslân is noch net hielendal dúdlik, want net alle meiwurkers fan it nasjonaal ynstitút kinne Frysk ferstean.

Snits, Ljouwert, It Hearrenfean

Op 7 juny is Van Zutphen op it Martiniplein yn Snits, op 8 juny op It Saailân yn Ljouwert en op 9 juny op it Gemeenteplein op It Hearrenfean. Dêr sil hy stean mei in pop-up keukentafel.
De nasjonale ombudsman is ûnôfhinklik. De Twadde Keamer beneamt de funksjonaris foar seis jier. De ombudsman behannelet klachten fan boargers oer it optreden fan de oerheid. Hy kin in ûndersyk ynstelle en publisearret syn konklúzjes yn rapporten en in jierliks ferslach.
Ek sil de ombudsman wurkbesiten bringe oan (oerheids)ynstânsjes. Sa folgje besiten oan it Centraal Justitieel Incassobureau yn Ljouwert, it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid en de gemeente Flylân.