Bergsma-en-dy pakke twadde oerwinning tsjin ferrassende finalist

Dylan Drent, Hendrik Kootstra (kening) en Marten Bergsma © Omrop Fryslân, Andor Faber
It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra nimt de winst mei nei hûs by de frije formaasjepartij yn Sint-Anne. It partoer fan Haye Jan Nicolay wie taai, mar moast dochs belies jaan.
De partoeren fan Gert-Anne van der Bos, Peter van Zuiden, Tjisse Steenstra en Haye Jan Nicolay rêden it op nei de twadde omloop by it haadklasse keatsen.

Nicolay as ferrassende finalist

It partoer fan Haye Jan Nicolay, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar wie de earste finalist dy't bekend waard. In ferrassende, nei de winst op Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.
Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra foarmen mei-inoar de twadde finalist. Bergsma hie snein in drege dei mei de opslaggen, dêrom naam Hendrik Kootstra it fan him oer. Dat besliste mei dat sy in finaleplak hellen.
Haye Jan Nicolay wie in ferrassend finalist by it keatsen yn Sint-Anne
It partoer fan Bergsma wie de favoryt foar de finale, gewoanwei hearre Nicolay-en-dy net by de bêste partoeren. Dochs hawwe sy sjen litten har weromfjochtsje te kinnen, want sy kamen ek werom fan in 5-3 efterstân tsjin Steenstra en dy. Nicolay, Van Popta en Leijenaar wisten it dochs op te rêden.

Begsma-en-dy fersulverje posysje

Yn de finale waard it noch al spannend, om't it partoer fan Bergsma der net yn slagge om echt ôfstân te nimmen fan Nicolay-en-dy. Ek yn de finale wraksele Marten Bergsma mei de opslach, dy't Kootstra wer geregeld oernaam.
Der wie lykwols wol in 4-2 foarsprong foar it partoer fan Bergsma. Nicolay knokte him mei Leijenaar en Van Popta werom oant 4-4. Dêrnei koene Bergsma-en-dy wol trochdrukke en wûn it de finale eintsjebeslút mei 5-4 en 6-2.
Hendrik Kootstra pakt de winst by it keatsen yn Sint-Anne
It is de twadde oerwinning foar Bergsma-en-dy dit seizoen, wêryn't no trije frijeformaasjepartijen spile binne. De keningspriis wie foar Kootstra.

Tuinenga-en-dy pakke de winst by de froulju

By de froulju yn it haadklassekeatsen yn Berltsum (frije formaalsje beheind) gie de winst nei it partoer fan Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia. Twadde waarden Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra, tredde Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Jennie Terpstra.
Foar Tuinenga-en-dy is it de earste oerwinning. Yn de earste twa frijeformaasjepartijen wûn it partoer fan Sijbrandij.