Motorrider slimferwûne by ûngelok by it Flinkeboskje yn Himmelum

Der wie in soad heisa op de dyk © Noordernieuws
By in ûngelok by Himmelum is in motorrider slim ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de motorrider op it Flinkeboskje fan de dyk en bedarre yn in neistlizzende sleat.
It slachtoffer is mei haast oerbrocht nei it sikehûs. It giet om in 42-jierrige man fan Grootebroek. De motor skeat oer de sleat hinne en lei yn de greide. It ûngelok barde op de krusing mei de Mientwei, op it punt dêr't it Flinkeboskje oergiet yn de Nijbuorren.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. Njonken de plysje waarden ek de ambulânse, traumahelikopter en brânwacht oproppen foar de helpferliening.