Seizoen sit derop foar sc Hearrenfean nei in 2-0 nederlaach tsjin AZ

Sidney van Hooijdonk sjocht teloarsteld © Orange Pictures
sc Hearrenfean hat snein mei 2-0 ferlern fan AZ. De earste goal foel al nei fiif minuten en de hiele wedstriid hiene de Feansters it dreech. It doek foel nei in twadde goal fan AZ flak foar tiid.
It wie it twadde duel fan AZ met sc Hearrenfean yn de play-offs foar Europeesk fuotbal. De Feansters wiene yn Alkmaar foar de return fan de play-offs.

Earste goal nei fiif minuten

It siet net mei yn de begjinfaze foar sc Hearrenfean. Al nei fiif minuten foel de earste goal, yn it foardiel fan AZ. Jordy Clasie makke in prachtige pass nei Dani de Wit, dy't net bûtenspul stie. Mei de bûtenkant fan de rjochterfoet koe De Wit keeper Erwin Mulder passearje.
It like efkes oft Thom Haye goed rekke wie troch in sjarzje fan Milos Kerkez, de linker fleugelferdigener. Haye koe dochs wer meidwaan. Dat wie moai foar trainer Tobiasen, want Haye is in wichtige pion foar Hearrenfean.

AZ dominearre it spul

Amin Sarr krige in hiel grutte kâns foar de fuotten en kaam rjocht op Vindahl Jensen ôf, mar hy skeat heech oer de goal hinne, wylst Hearrenfean fan de mooglikheid profitearje moatten hie. Oarsom koe nei in kertier in skot fan Karlsson kreake wurde troch de Feansters.
Thom Haye yn it duel © Orange Pictures
Hearrenfean koe de bal net yn de ploech hâlde en moast der kear op kear efteroan. De ploech dy't dominearre wie AZ. De Alkmaarders fuotballen maklik, mar de Feansters hiene it der tige dreech mei.
AZ-spits Vengelis Pavdilis krige in giele kaart tawiisd, om't er keeper Mulder behindere by it úttraapjen. Der barde in soad yn it earste ein fan it duel, mar it bleau in terjochte 1-0 foar AZ.

Hearrenfean besike it

De ploech fan Ole Tobiasen besocht út alle macht om de wedstriid te ûntregeljen, om it tempo derút te heljen. Mar AZ hold balbesit en liet Hearrenfean drave. Tongersdei behelle Hearrenfean noch in 3-2 oerwinning op AZ. Mar it betrouwen fan dy dei wie snein fier te sykjen.
Kerkez en Martins Indi krigen in giele kaart, om't sy oertrêdingen op Haye en Sarr makken. Krekt foar it skoft kaam Hearrenfean dochs efkes út de sleur. Der kaam in aardige oanfal fan Haye, mar de bal feroare fan rjochting en de ploech krige twa kear in hoekskop. Sarr gie der ek efkes fantroch, mar ta in goal kaam it net.
Sven van Beek en Dani de Wit © Orange Pictures
Mei it skoft bleau Dresevic yn de klaaikeamer efter, dy't der al net te fris mear út seach. Van Ottele kaam foar him yn it plak. By AZ folge nei sechstich minuten in dûbele wiksel: Hatzidiakos en Evjen ferlieten it fjild, Sugawara en Witry kamen deryn.

Mear lykwicht, mear spanning

It waard yn de twadde helte mear in duel mei lykwicht, it waard mear in wedstriid. AZ wie op jacht nei in doelpunt, mar skotten fan Pavlidis en Karlsson mislearje. Dani de Wit makke in flinke oertrêding, dêr't Thom Haye wer it slachtoffer fan wie. Haye wie lilk, mar AZ kaam der mei in frije traap goed foar wei.
Oanfaller Amin Sarr waard noch efkes gefaarlik mei in krêftige úthaal nei de fiere hoeke, mar doelman Vindahl Jensen krige in rêding foarinoar. Mei noch in kertier op de klok naam de spanning by beide ploegen ta.
AZ krige in gigantyske kâns trochdat Sam Beukema nei in hoekskop hielendal frij stie. Hy kopte de bal lykwols oer de latte hinne. Yn de 87ste minút wiksele AZ Kerkez noch foar Aboukhlal.

2-0 kostet Hearrenfean de kop

Noch gjin minút letter wist ynfaller Zakaria Aboukhlal de 2-0 te meitsjen. It antwurd fan Ole Tobiasen wie in dûbele wiksel: Halilovic en Woudenberg waarden omruile foar Al Hajj en Musaba.
Der waarden fiif minuten oan de wedstriid taheakke, mar dat holp de Feansters net: by it fluitsinjaal leine sy langút op it fjild, wittende dat it seizoen derop sit.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder, Van Ewijk, Dresevic, Van Beek, Woudenberg, Kaib, Tahiri, Haye, Halilovic, Van Hooijdonk, Sarr,
Opstelling AZ: Vindahl, Hatzidiakos, Martins Indi, Midtsjo, Pavlidis, De Wit, Karlsson, Evjen, Clasie, Kerkez, Beukema.