In stikje habyt fan de hillige Titus: relyk krijt in plak yn in katedraal

It bisdom Den Bosch krijt in relyk fan Titus Brandsma (1881-1942). It giet om in stikje fan in habyt dat pater Titus droegen hat. Letter dit jier wurdt it relyk yn in nij brûnzen byld fan Brandsma yn de katedraal pleatst.
Yn de roomsk-katolike tsjerke binne reliken wichtich omdat der in sterke krêft oan takend wurdt. Titus Brandsma is ferline wike troch de paus hillich ferklearre.
It relyk giet nei de Sint-Janskatedraal yn Den Bosch. Snein wie der in nasjonale tankfiering foar de kanonisaasje. Aartsbiskop kardinaal Wim Eijk gie snein foar de mis, dêr't elts hinne koe.
Ek famyljeleden fan Titus Brandsma wiene bywêzich. Fierder waarden der tsien Nederlânske biskoppen en helpbiskoppen ferwachte en is der in spesjale hymne skreaun, dy't mei de mis te hearren wie.