Kompromis oer wetterskippen giet Keamerlid Tjeerd de Groot net fier genôch

Tjeerd de Groot (D66) © Omrop Fryslân, René Koster
It wie ien fan de spannendste debatten yn syn karriêre. Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66 hie fan 'e wike in debat oer de wetterskippen.
Syn partij en Grien Links wolle ôf fan de fêste sitten by it wetterskip. Dy binne ûndemokratysk, neffens de partijen. De fêste sitten binne oanwiisd oan belangegroepen. Dat binne bygelyks boere-organisaasjes en natoerorganisaasjes.
It debat wie spannend, omdat net dúdlik wie hokker kant it opgean soe. It wie ûnwis oft der in mearderheid komme soe foar it foarstel of net. It waard heech polityk spul. Uteinlik kaam de Christen Unie mei in kompromisfoarstel: behein it tal fêste sitten. Dat is net wat De Groot foar eagen hat. Hjir is gjin kompromis yn te sluten, fynt er.
Tjeerd de Groot oer de wetterskippen
De fraach is no wat der tiisdei barre sil. Dan wurdt der stimd oer it foarstel. As it derop liket dat de Keamer foar it kompromis giet, oerwaagje de yntsjinners om harren foarstel yn te lûken.